Nederlands
Fries
teaser
overlay

CDAV

Wolkom by it CDAV Fryslân!

It CDAV stiet foar it stimulearjen fan partisipaasje fan froulju yn de polityk. As CDAV fine wy dat de polityk en it iepenbier bestjoer in ôfspegeling wêze moat fan de samenleving. Benijd nei ús aktiviteiten? Sjoch dan ris by ús nijsberjochten, yn de aginda of lês it jierferslach 2008!

Wy sjogge it CDAV as in learende organisaasje: eigentiids en oansprekkend! Us doel is de polityk in ôfspegeling wêze te litten fan de samenleving, partisipaasje en yntegraasje fan froulju yn de partij stimulearje. Us misje is it CDAV op de kaart te setten as service-desk; dat ûnder oare troch netwurken en it oplieden en coache fan froulju. Dêrnjonken wolle wy stânpunten ynnimme oer bepaalde tema's en dy weromkeppelje nei politisi. Kapabele froulju wolle wy trochstreame litte nei politike funksjes yn it CDA. 


Hoe wurd ik lid?

Elkenien dy't lid is fan it CDA kin harsels fergees oanmelde as lid fan it CDAV. Hawwe jo belangstelling foar it CDAV krigen? Wolle jo it CDAV yn jo provincje kennen leare? Besykje dan ris ien of mear fan ús aktiviteiten. Elkenien is wolkom. Wolle jo mear witte, wy ynformearje jo graach. 

Sjoerdtje Kok-Witteveen
Foarsitter CDAV Fryslan