Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
10 september 2013

Tjalsma (CDA): Fryske sealen yn De Haach moatte ek Frysk ynrjochte wurde

De Fryske sealen yn it gebou fan it departemint fan Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (BZK) moatte ek Frysk ynrjochte wurde. Dêr pleitet CDA Fryslân foar. “Hjir leit in kâns om op fernijende wize de Fryske aard, natuer en kultuer te promoatsjen,” seit CDA fraksjefoarsitter Johan Tjalsma.

Nijbou
Dit jier is it departemint van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (BZK) húsfeste yn in nij gebou, dat ek wol de ‘Jubistoren’ neamd wurdt. Yn dizze nijbou binne, lykas yn it âlde gebou fan Ynlânske Saken, de gearkomsteromten ferneamd nei de 12 provinsjes, bekende natuergebieten, haadsteden en de Waadeilannen. Sa hat it gebou ûnder oare in ‘Fryslân zaal’, in ‘Leeuwarden zaal’ en sealen ferneamd nei de Waadeilannen.

Fryslân net sichtber
Yn de ynrjochting fan dizze sealen is lykwols hielendal gjin ferwizing nei Fryslân sichtber. De sealen dy’t nei oare provinsjes, steden en gebieten ferneamd binne, binne itselde ynrjochte. CDA Fryslân fynt dat spitich en hat hjir dêrom skriftlike fragen oer stelt.

De fragen binne beantwurde op 29 novimber 2013:
  1. Binne jo op ‘e hichte fan it bestean fan dizze sealen?
    Ja.

  2. Is der oer de ynrjochting fan dizze sealen kontakt west mei de Provinsje Fryslân?
    Nee.

  3. Binne jo ree om – bygelyks wannear’t de provinsje yn septimber yn De Haach de Fryske ambassade iepenet - kontakt op te nimmen mei it ministearje om op eigentiidske wize mei subtile details dizze sealen fan in Frysk aksint te foarsjen en dizze regelmjittich te fernijen?
    Ynrjochting fan de sealen is in saak fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Oerlis mei Ynlânske Saken wiist it dat se de sealen allinnich ynrjochtsje mei rykskeunst. Relatyf sjoen is der al in grut tal sealen mei topografyske nammen it Fryslân. Der wurdt yn it nije gebou op subtile wize dus al mear as gemiddeld reklame makke foar iis provinsje.
     

Mear ynformaasje:

Johan Tjalsma, fraksjefoarsitter CDA Fryslân, (06) 1454 9224