Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
24 maart 2014

CDA Fryslân: "Omrop Fryslân moat bestean bliuwe"

Omrop Fryslân moat bestean bliuwe. Dat seit CDA Fryslân yn reaksje op de plannen fan steatssekretaris Dekker, dy't de 13 regionale omroppen yn harren deistige foarm opheffe wol om’t sy te folle jild kostje. It CDA hat dêr skriftlike fragen oer stelt.
 
Yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) binne opdrachten fêstlein foar it Frysk en meartalichheid. "Opheffing fan Omrop Fryslân, lykas foarsteld wurdt troch steatssekretaris Dekker, sil lykwols grutte gefolgen hawwe foar de posysje fan it Frysk," stelt CDA Steatelid Fenny Reitsma-Hazelhoff. "Dêr hawwe wy soargen oer."
 
De fragen fan it CDA binne op 16 april 2014 beantwurde:
  1. Hoe fier binne de plannen fan steatssekretaris Dekker foar opheffing fan de regionale omroppen?
    Der lizze op it stuit gun konkrete (opheffings)plannen fan de steatssekretaris foar. De steatssekretaris is no dwaande fierder IMfiering te jaan oan de (finansjele) oerheveling fan de regionale omroppen nei it Ryk en de strukturele ferleging fan de ryksmediabydrage. Beide
    maatregels binne yn it Regearakkoard ôfsprutsen. De steatssekretaris hat yn 2013 de Ried foar Kultuer opdracht jûn foar in takomstferkenning nei it publike mediabestel. De takomstferkenning tsjinnet foar de steatssekretaris as advys foar de wize wêrop’t hy yn de praktyk ûffiering jaan sil oan It wetsfoarstel. Dêrneist siket de steatssekretaris nei in model foar optimale yntegraasje fan lanlike en regionale publike omroppen.
    De Ried foar Kultuer hat op 27 maart 2014 advisearre dat dy yntegraasje net in goed idee is. De regionale omroppen, ferienige yn de Stichting ROOS (Regionale Omroep Overleg en Samenwerking), ûnderskriuwe it advys fan de Ried foar Kultuer om de sjoernalistike krôften yn de regio yn bygelyks in mediasintrum te bondeljen. Ek advisearret de Ried dat de bestjoerlike oanstjoering fan de regionale mediafoarsjenning fanût in selsstannich en troch regionale partijen beneamd bestjoer plakfine moatte soe. De steatssekretaris is fan doel en kom foar it simmerreses mei in reaksje op it advys.

  2. Wat is de reden dat de steatssekretaris no al de stekker út it proses lûkt, dêr’t regionale omroppen sels de romte by krigen om te sykjen nei foarmen fan gearwurking?
    De steatssekretaris konstatearre earder, yn syn taspraak fan 12 maart, dat ROOS en NPO der tegearre net yn slagje en kom mei in mienskiplik plan. Hy hat doe oankundige om sels mei foarstellen te kommen.

  3. Hoefolle romte bliuwt der yn de plannen fan steatssekretaris Dekker foar in eigen programearring? Sil Omrop Fryslân, ek yn de foarstelde nije wurkfoarm, ferbûn bliuwe kinne mei it Frysk eigene?
    Dat is no net oan de oarder om’t dy plannen der noch net binne. Wy hawwe gjin oare lûden heard as dat it regear rjocht dwaan sil oan de bestjoerlike ôfspraken oangeande de Fryske taal mei Europa, it Ryk en de provinsje. Wy hâlde ûnferkoart fêst oan de advizen, oan it regear, fan de Tijdelijke Commissie Borging Friese Taal in de Media ûnder lieding fan mr. R.J Hoekstra.
    Wy hawwe dit stânpunt by brief fan 18 desimber 2013 witte litten oan de Ried foar Kultuer. Ek de Twadde Keamer hat der mear as ien kear by it regear op oantrune om oandacht te jaan oan de bestjoerlike ôfspraken oer it Frysk en de bysûndere posysje fan de Omrop Fryslân as kultuerdrager. De steatssekretaris hat dat tasein.

  4. Is Deputearre Steaten mei ús fan miening dat gearwurking tusken regionale omroppen fan in hiel oare oarder is dan it samar rigoereus opheffen fan regionale omroppen, en dat dit foar Fryslân net winsklik is?
    Wy hâlde fôst oan It provinsjale stânpunt dat in brede Frysktalige programmearring freget om in selsstannige posysje fan de Fryske publike omrop, dy’t in bysûndere taak hat oangeande it behâld, de befoardering en it libbene gebrûk fan de Fryske taal. Dat stânpunt hawwe wy, ûnder oare nochris yn ts positionpaper fan juny 2013, kenber makke oan de Twadde Keamer. Yn de yn maaie 2013 oannommen moasje-Heerma fersiket de Twadde Keamer it regear om, by de plannen foar de takomst fan de regionale omroppen, rjocht te dwaan oan yn it bysûnder de spesjale rol fan Omrop Fryslân yn it boarch stean foar de Fryske taal.

  5. Hokker ynfloed kin Deputearre Steaten útoefenje om opheffing fan Omrop Fryslân tsjin te hâlden? 
    Sjoch it antwurd by fraach 1. Wy hâlde yn al is kontakten mei Den Haach fêst oan de de bestjoerlike ôfspraken mei It Ryk oer it Frysk en de oandacht dy’t tasein is foar de bysûndere
    posysje fan Omrop Fryslân.
 

Mear ynformaasje:

Fenny Reitsma-Hazelhoff, CDA Steatelid, (06) 4625 1360