Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
24 april 2014

Reitsma: "Wy moatte ekonomyske kânsen fan it Frysk benutte!"

Der komt noch dit jier in workshop oer it Frysk foar lytse én grutte ûndernimmers yn Fryslân. Dat hawwe deputearren De Vries en Konst tasein nei fragen fan CDA Fryslân. “Benammen foar lytse ûndernimmers kin it Frysk ekonomysk foardiel opsmite,” sei CDA Steatelid Fenny Reitsma-Hazelhoff. “Dy kânsen moatte wy brûke, júst no’t it bedriuwslibben it sa dreech hat!”


 
Ynternasjonaal
Net allinnich lytse ûndernimmers, mar ek grutte bedriuwen yn Fryslân hawwe belangstelling foar de Fryske taal en kultuer. “Ynternasjonale bedriuwen, lykas Fonterra, A-ware, Ausnutria Hyproca en Philips, dêr’t in soad Fryske én bûtenlânske minsken wurkje, jouwe sels oan dat sy belutsen wêze wolle by de omjouwing dêr’t sy yn festige binne én by de minsken yn dy omjouwing,” jout Reitsma as foarbyld. “De Fryske taal en kultuer is een wichtich ûnderdiel fan dy omjouwing.” Ek grutte wurkjouwers sille dêrom meinaam wurde yn de plannen foar de workshop oer it Frysk.
 
Undernimmers helpe
CDA Fryslân freget al sûnt 2012 omtinken foar de ekonomyske kânsen dy’t de Fryske taal biede kin. As gefolch dêrfan soe der begjin 2013 al in workshop organisearre wurde foar it MKB, mar die hat noch hieltyd net plakfûn. “Unbegryplyk dat der wol in goed plan foar dizze workshop op ‘e planke leit, mar dat dat net útfierd is,” foetere Reitsma. “It bedriuwslibben hat it al sa dreech. It is wichtich om it MKB mei alle mooglikheden te helpen - ék mei de kânsen dy’t it Frysk biedt!” De beide deputearren hawwe tasein om no mei faasje te wurkjen oan de útfiering fan dit plan.
 

Mear ynformaasje:

Fenny Reitsma-Hazelhoff, CDA Steatelid, (06) 4625 1360