Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
2 oktober 2014

112 belje? Dat moat ek yn it Frysk kinne!

Wannear't Friezen nei 112 belje, moatte sy dat yn it Frysk dwaan kinne - ek wannear't der net mear in noardlike mar allinnich in lanlike meldkeamer is. CDA Fryslân hat dêr fragen oer stelt. "It is wichtich dat minsken yn needsitewaasjes harren memmetaal sprekke kinne," stelt CDA Steatelid Fenny Reitsma.

Wannear’t Friezen yn gefal fan need 112 belje, kinne sy – wannear’t sy kontakt hawwe mei de meldkeamer yn Drachten – gewoan Frysk prate. Reitsma: "De meldkeamer set dêr spesifyk op yn, sa’t wy by de wurkbesite op 27 augustus 2014 fan harren heard hawwe. Doe waard ús útlein dat wannear’t minsken mei in mobile tillefoan 112 belje, sy earst ferbûn wurde mei de meldkeamer yn Apeldoorn. Dêr wurde sy yn it Nederlânsk te wurd stien. Pas wannear’t sy trochferbûn wurde mei de meldkeamer yn Drachten, kinne sy ek Frysk prate. It brûken fan it Frysk foldocht de meldkeamer yn Drachten hiel goed."
 
Yn it artikel ‘Bulldozerakkoord negeert meldkamer’ (Friesch Dagblad, 2 oktober 2014) wurdt steld dat by it proses dat liede moat ta ien sintrale lanlike meldkeamer foar in grut part foarbygien wurdt oan de sitewaasje by de meldkeamer yn Drachten, dy’t Noard-Nederlân betsjinnet.
 
It CDA hat hjiroer de folgjende fragen stelt, dy't op 30 oktober beantwurde binne:
  1. Is al bekend oft minsken noch hieltyd Frysk prate kinne wannear’t sy 112 belje, ek wannear’t der noch mar ien sintrale lanlike meldkeamer wêze soe?
    It ûndertekenjen fan ‘Transitieakkoord meldkamer van de toekomst’ yn oktober 2013, wie de earste stap yn it proses nei ien lanlike meldkeamerorganisaasje. Op dit stuit wurdt der wurke oan it wetsútstel dat dy wiziging mooglik meitsje moat. Omdat Drachten oanwiisd is as ien fan de tsien lokaasjes dêr’t in meldkeamer festige is, sil der yn de praktyk yn Noard-Nederlân feitlik neat feroarje hat de Veiligheidsregio Fryslân oanjûn. Dat betsjut dat it belied oangeande Frysktalige meldingen sa’t de meldkeamer yn Drachten dat op advys fan de provinsje fêstlein hat, net feroarje sil. It bliuwt sadwaande mooglik om yn it Frysk mei de meldkeamer yn Drachten te kommunisearjen.

  2. Wat kinne deputearre steaten dwaan om dizze mooglikheid te behâlden, en wolle sy hjir aktyf op ynsette?
    Dy fraach is feitlik net fan tapassing, mar wy sille by de realisaasje fan de nije meldkeamerorganisaasje sjen oft it realisearre is neffens de hjoeddeistige plannen.
     
 

Mear ynformaasje:

Fenny Reitsma-Hazelhoff, CDA Steatelid, (06) 4625 1360
 
 

 

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *