Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
10 maart 2015

Snelle oplossing nedich foar de bręge op Skűlenboarch

Der is in snelle oplossing nedich foar de brêge op Skûlenboarch. Dat stelde CDA Steatelid Maaike Prins op 23 febrewaris 2015. "Swier frachtferkear kin de brêge net mear brûke, mar der is gjin alternatyf foar frachtferkear fan it bedriuweterrein op Skûlenboarch," seit Prins. "Undernimmers kinne dêrtroch yn problemen komme." CDA Fryslân hat dêrom fragen stelt oer de brêge.


Neffens Rykswettersteat kin de brêge op Skûlenboarch net mear brûkt wurde troch swier frachtferkear, omdat der skuorkes sitte yn ’e konstruksje. Frachtferkear fan it bedriuweterrein op Skûlenboarch moat krekt oer dizze brêge en foar swier frachtferkear is der gjin alternatyf. Prins: "Der wurdt wurke oan in alternative ûntsluting, mar dy is earst ein dit jier klear. Wy wolle graach witte oft it mooglik is om earder mei in oplossing te kommen, om de oerlêst foar de bedriuwen safolle mooglik te beheinen."

De folgende antwurden hawwe wy fan deputearre Poepjes ûntfongen:

1. Is it kolleezje op’e hichte fan de swierrichheden mei de brêge op Skûlenboarch?

Ja. De hjoeddeiske brêge is net ûntwurpen foar de deistige verkearbelêsting. Ut technysk ûndersyk docht bliken dat der sprake is fan konstruktive skea, de oanpak fan dizze skea biedt allinnich ûnfoldwaande soelaas. De hjoeddeiske eigener en behearder Rykswettersteat hat dan ek besletten gebûksbeheinings yn te stellen foar de brêge.

2. Wat docht it kolleezje (mooglik yn gearwurking mei de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen) deroan om de problemen dy’t de ûndernimmers ûnderfine troch de problemen mei de brôge, op te lossen?

De maatregels dy’t troch Rykswettersteat op It each hawwe binne yn gearspraak mei de omjouwing, bedriuwen en belutsen oerheden ta stân brocht. Sjoen nei de besteande ferkearstruktuer yn It gebiet, binne der spitigernôch gjin care alternative rûtes beskikber sûnder dat dêrtrochde ferkearsfeiligens yn it gebiet yn gefaar wurdt brocht. Yn It ferline is troch gemeenten en provinsje wiidweidich socht nei oare mooglikheden. Spitigernôch sûnder posityf resultaat.

Wy begripe dat de maatregels foar de bedriuwen as lestich ûnderfûn wurdt, mar troch de hjoeddeiske behearder fan de ferkearsbrêge, Rykswettersteat, wurdt stribbe om de oerlêst en de beheiningen te beheinen. De Litkomsten fan dizze petearen hawwe brocht ta in weiprofyl wêrby ynsidinteel breedtetransport mooglik bliuwt. De aslêstbeheining stiet op 11 ton, sadat sawat alle reguliere bewegingen fan en nei it bedriuwenterrein mooglik bliuwt. Faniit dat perspektyf sjoen is it dan ek tige winske de rn]e ûntslutingswei foar het bedriuwenterrein Skûlenboarch zo gau as mooglik te realisearjen.

3. Is it mooglik om de alternative ûntsluting earder klear te hawwen, sadat de oerlêst yn alle gefallen yn tijd beheind is?

De nije ûntslutingswei sil konfoarm de ôfspraken mei alle belutsen partijen, te witten: gemeenten, provinsje, VOF Heechsân en bedriuwslibben beskikber wêze mei yngong fan 1 jannewaris 2016. It ferhaastigjen fan de oanlis fan de nije ûntslutingswei is net mooglik. It trasee fan de ûntslutingswei giet foar in part tusken de sânput en it Prinses Margrietkanaal troch. Inkelde jierren ferlyn is tastimming jûn foar it meitsjen fan in trochstek fan it kanaal nei de sânwinput. Dizze trochstek winsket de VOF Heechsân maksimaal te nimmen mei it betingst dat konfoarm ûtspraak uterlik 1 jannewaris o.s. in ûntslutingswei foar it bedriuwenterrein realiseart is en de trochstek dêrmei ôfsletten is.
 

Meer informatie:

Maaike Prins, 06 - 1051 0667

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *