Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
8 juli 2015

CDA stelt vragen over nieuwe kansen voor bioraffinage in Fryslân

In Fryslân liggen goede kansen om gras te verwerken door middel van raffinage, blijkt uit een gezamenlijk onderzoek van de Wageningen Universiteit, Greenlincs en de Rijksuniversiteit Groningen. In Oentsjerk staat al een modelinstallatie die op deze manier gras verwerkt. Met deze installatie kan gras zo worden verwerkt dat er twee producten vrij komen: grassap en grasvezel. Eiwitten uit het grassap kunnen vervolgens gebruikt worden als krachtvoer voor vee. Van het grassap kan bijvoorbeeld ruwvoer voor koeien, karton of biocomposiet worden gemaakt.


Daarom stelden we als CDA-fractie de volgende vragen, die beantwoord zijn op 2 juli 2015:

1. Is it kolleezje op ‘e hichte fan de nijste ûntwikkelingen op it mêd fan bioraffinaazje en fan it ûndersyk fan Wageningen UR, Greenlincs en de RUG?
Wy binne op ‘e hichte fan it ûndersyk nei bioraffinaazje “de eiwitschuur voor Nederlandse en Duitse veevoeders”, as ûnderdiel fan it ûndersyksrapport “Noord4Bio, concrete kansen voor biobased economy in Noord-Nederland”. It rapport is opsteld yn opdracht fan it ministearje fan Ynlânske Saken en is krektlyn oan de leden fan de Twadde Keamer oerlange.
Greenlincs is as noardlike klusterorganisaasje, dy’t de opdracht hat om ynnovative duorsume projekten oan te fiterjen, belutsen by de konkretisearring fan it rapport Noord5Bio nei konkrete projekten.

2. Yn ‘e Iânbou-aginda 2014 - 2020 is as ien fan ‘e ambysjes opnaam dat trochûntwikkeling en tapassing fan kennis en ynnovaasje fan ‘e Iânbou stipe wurde sil, benammen ek as it giet om duorsum boaiem- en wetterbehear. Is it kolleezje ree om yn dat ramt yn oerlis te gean mei de Fryske bedriuwen dy’t har dwaande hâlde mei bioraffinaazje, om te sjen oft de provinsje hjir wat yn betsjutte kin?
Wy binne ree om mei Fryske bedriuwen yn oerlis te gean dy’t harren dwaande hâlde mei bioraffinaazje. Op dit stuit sette wy al stappen te kommen ta in konkreet plan/businessplan mei pilots yn oparbeidzjen mei Fryske bedriuwen en kennisynstellings.

Oanfolling: wy hawwe dizze ûntwikkeling folge en finansjeel stimulearre by in start-up yn Grou en bydroegen oan flankearjend feefierûndersyk op ‘e Dairy Campus. Lykas ek beskreaun is yn it koalysjeakkoart, fine wy it fan grut belang dat kennis oer nije ûntwikkeling dield wurdt, dat fanneden is foar ûs lânbou en besibbe yndustry, mar ek foar de lânbou yn ‘e wrâld. De Dairy Campus en it griene ûnderwiis kinne dêr in rol yn ferfolje.

3. Yn boppeneamd ûndersyk wurdt oanjûn dat de komst fan in bioraffinaazjekluster in wichtige stap wêze soe foar it noarden. Is it kolleezje it mei ûs iens dat sa’n kluster benammen foar Fryslân wichtich wêze kin, ek sjoen de kennisynstellings en oare bedriuwen dy’t hjir al fêstige binne?
Nei it útkommen fan it rapport binne wy yn oerlis gien mei Van Hall Larenstein (VHL) en Wageningen UR-FBR en bedriuwen en ûndersykje de mooglikheden om te kommen ta in bioraffinaazjekluster mei pilots. Dêrby wurdt ûndersocht oft mei de “eiwitschuur voor Nederlandse en Duitse veevoeders” ûteinset wurde kin, as ûnderdiel fan it rapport Noord4Bio yn Fryslân.

4. By in befêstigjen antwurd op fraach 3: is it kolIeezje ree om yn oerlis mei de Fryske bedriuwen dy’t har dwaande hâlde mei bioraffinaazje te sykjen nei mooglikheden om de al opdiene kennis om te setten yn in konkreet plan?
Mei in ferwizing nei it antwurd op fraach 2: wy meitsje op dit stuit stappen om dit jier mei Fryske bedriuwen en kennisynstellings te kommen ta in konkreet plan/businessplan mei pilots. De Steaten sille wy ynformearje oer de fuortgong.

Meer informatie:
Maaike Meindertsma-Prins, Statenlid CDA Fryslân, (06) 10510667, m.prins@fryslan.frl