Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
29 september 2015

CDA Fryslân wol dúdlikens oer finansjele posysje Dairy Campus

CDA Fryslân hat skriftlike fragen yntsjinne rjochte oan it kolleezje fan deputearre steaten.
Dit nei oanlieding fan lûden dy’ t it CDA krijt oer de finansjele posysje fan Dairy Campus, it nasjonale kennissintrum foar de Nederlânske molkfeehâlderij. Yn it Finansjeel Deiblêd jout manager Kees de Koning oan dat it der nei utsjocht dat it wierskynlik in ferliesjouwend jier wurde sil.

 
Wageningen Universiteit
De Dairy Campus yn Fryslan is in ûnderdiel fan de Wageningen Universiteit. Oant 2025 hat de campus in budzjet fan 40 miljoen euro beskikber. Neist de ynkomsten út it molkfeebedriuw fertsjinnet de Dairy Campus ek oan ûndersyk en ûnderwiis. It ofrûne jier wiene der lykwols twa grutte tsjinfallers: de oanskerpe easken fan de PAS (Programatykske Oanpak Stikstof) en de lege molkpriis. De Koning stelt dan ek yn it Finansjeel Deibled: “As ik alle jierren in jildtekoart ha, dan is it by de rie fan bestjoer fan de universiteit gau ôfrûn.”
 
Rol provinsje
It CDA wol fanwege de finansjele sitewaasje witte oft de yn it ferline makke ofspraken yn ‘e knipe komme. De provinsje Fryslân ynvestearret foars yn de Dairy Campus en dêrby binne ek ôfspraken makke. CDA-Steateleden Maake Prins en Fernande Teernstra stelle dêrom in tal fragen. Dizze binne op 25 septimber as folget beantwurde:
 
1. Is it kolleezje op ‘e hichte mei it neamde artikel yn it Financieele Deiblêd?
Ja.
 
2. Is It kolleezje mei ús fan betinken dat de ûtspraken fan De Koning reden ta soarch binne?
Ja. Dy soarch is der foar elke ûndernimmer yn de agraryske sektor. De Dairy Campus is krekt as elke boer gefoelich foar ûntwikkelingen op’e merk fan Dairy. Boppedat is Dairy Campus net primêr rjochte op molkeproduksje, mar benammen op ynnovaasje, ûndersyk en ûnderwiis. Wat dat oangiet rjochtsje we ús benammen op de ûntwikkeling fan it learen yn ‘e praktyk. Dêr binnen wol soargen, omdat ûnderwiisynstellingen op dat mêd oan it besunigjen binne.
 
3. Kin it kolleezje garandearje dat de ôfspraken dy’t doedestiids makke binne mei de WUR en oare partijen, neikommen wurde?
Wy sille alles dwaan wat yn ús macht leit om de ôfspraken dy’t makke binne nei te kommen. De petearen op it mêd fan ynnovaasje, ûndersyk en ûnderwiis rinne. Soks hat ek direkte ferbining mei de ûntwikkeling fan RUG/Campus Fryslân, oftewol de Alfde Fakulteit. Fierder hawwe we tegearre mei de gemeente Ljouwert in ynspanningsferplichting om de Dairy Campus te helpen om oan mear grûn te kommen. Harren grûnposysje op dit stuit is 225ha, wylst it ûteinlik stribjen 350ha is. It doel is om ynkoarten in wurkgroep byinoar te roppen (WUR, DC, gemeente Ljouwert en Profinsje). Dizze groep bringt de situaasje op dit stuit yn kaart en siket nei mooglikheden foar de Dairy Campus om grûn te werven.
 
4. Kin it kolleezje oanjaan oft de titfiering fan ‘e plannen op skema leit, en it foarûtsjoch op middellange termyn sketse?
De ûtfiering fan de nijbou is op ‘e gleed (stâlen, ynrjochting, ûntfangstgebou ensfh.). De ferwachting is dat begjin kommend jier de offisjele iepening plakhawwe kin. It is dreech om in fierder foarûtsicht te meitsjen. Soks is hielendal ôfhinklik fan de merk en de gearwurking mei de ûnderwiisynstellingen.
 

Meer informatie:

Fernande Teernstra, Statenlid CDA Fryslân, (06) 47 00 73 00, f.teernstra@fryslan.frl
Maaike Meindertsma-Prins, Statenlid CDA Fryslân, (06) 10510667, m.prins@fryslan.frl