Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
30 november 2015

Beantwoording vragen over de plundering van nesten door roofdieren

CDA Fryslân heeft bij monde van Statenleden Maaike Prins en Fernande Teernstra op 14 oktober vragen gesteld over de plundering van nesten door roofdieren. Deze vragen zijn nu beantwoord en de antwoorden zijn hier te vinden.

Op 13 oktober 2015 makke it Bûn fan Fryske Fûgelwachten de ûtkomst bekind fan de telling fan nêsten fan de fjouwer wichtichste greidefûgelsoarten. It docht bliken dat der benammen folie mear Ijippepearkes (benei 5.000) sitten ha te brieden. Der binne lykwols minder pykjes ütkaam, omt der in boppe gemiddeld tal nêsten leechhelle is troch rôfbisten. Ljippen lizze meardere kearen (wol fjouwer oant fiif kear) aaien neidat de nêsten leechhelle binne. Dat jout fansels neat as dy nêsten hieltyd wer leechhelle wurde. Benammen yn’e maaitiid binne der in soad nêsten plondere troch foksen en oare bisten. In foarbyld hjirfan ha de Steateleden sjoen by in ekskurzje yn it gebiet fan Skrok en Skrins, wêr’t nei rôftochten net folie mear oer wie fan de aaien. Natuurmonumenten, de pleatslike Fûgelwacht en de boer dy’t Cis hertlik ûntfongen hat, hawwe by dy gelegenheid frege om maatregels te nimmen tsjin predaasje. De BFVW docht no neier ûndersyk nei de predaasje, as in ferfolch op de risseltaten fan de tellings yn 2015.

Is It kolleezje op’e hichte fan de befinings fan de BFVW?
Ja, wy binne op de hichte fan de teldata fan de nêsten, sa’t dy troch de BFVW bekend makke binne. Dêrneist hawwe de lûden fan ûnder oaren de BFVW, Ryksuniversiteit Grins en Natuurmonumenten oer de hege predaasjedruk fan fan’t maitiid op de greidefûgelnêsten ûs berikt. Ut foarriedige sifers fan Landschapsbeheer Nederlân dacht bUken dat de predaasje fan greidefûgelnêsten 50% heger lei as foargeande jierren. It Iiket derop dat der in relaasje is mei de mûzepyk.

Is It kolleezje mei ûs fan miening dat it net ferantwurde is om noch jierren te kedizen oer de oarsaak fan de predaasje, dy’t sa stadichoan grutte proporsjes oannimt?
Wy hawwe grutte noed om de hege predaasjedruk fan ôfrûne maitild en hoopje dat it om in ekses giet. Yn de greidefûgelnota 2014-2016 stiet beskreaun hoe’t wy mei predaasjebehear omgean. Wy wolle de ferliezen fan nêsten en pykjes troch predaasje op trije wizen tsjingean.
  1. De predatoren binnen de wetlike mooglikheden hinderje en/of bestride. Binnen dy mooglikheden sille wy alles dwaan om de greidefûgels yn de oanbelangjende gebieten te beskermjen tsjin predatoren. Dat betsjut dat wy meiwurkje aan it bestriden fan de foks, de swarte krie en de ferwyldere kat mei de bêst beskikbere middels.
  2. Yn de greidefûgelkearngebieten it gerslân en wetterbehear ôfstimme op genôch pykjesoerlibbing.
  3. De iepenens fan it Iânskip beskermje en yn âlde steat werombringe.
It beheinen fan de predaasjedruk maat op gebietsnivo barre, wêrby’t de ûnderskate partijen harren aksjes goed op elkaar ôfstimme. Dy aksjes wurde yn in predaasjebehearplan ûtwurke. It predaasjebehearplan kin ek as Onderbouwing fan in provinsjale ûntheffing tsjinje foar bygelyks it brûken fan in Ijochtbak foar it bejeien fan de foks. De ferantwurdlikens foar it opstellen fan in predaasjebehearplan en de Otfiering dêrfan leit by de 7 agraryske kollektiven.

De provinsje Fryslân ynvestearet yn maatregels om It fjild oantreklik te meitsjen foar grei defûgels, sadat der mear nêsten ,itkomme moatte soene. Is It kolleezje mei ûs fan miening dat dy ynvestearings net safolle doel hawwe as der tagelyk neat dien wurdt om de predaasje foars te beheinen?
Sjoch ek de beantwurding fan fraach twa. Greidefûgelbeskerming is in en-en ferhaal. It optimalisearjen fan de greidefûgelbiotopen troch it kreëarjen fan genôch iepen wiete krûderike kearngebieten stiet dêrby foarop.

Hokker maatrege/s nimt It kolleezje om, tegearre mei alle organisaasjes dy’t in rol spy/je by it t stimulearjen fan de greidfûgelstân, derfoar te soargjen dat mei faasje aksje ûndernaam wurdt?
It kolleezje hat de agraryske kollektiven de opdracht jûn foar it optimalisearjen fan de greidefûgelbiotoop troch it takennen fan de gebietsoanfragen Agrarysk natuer en lânskipsbehear (ANLb2D16) dit neijier. Dêrneist hat it kolleezje de agraryske kollektiven meardere kearen oproppen om sa gau as mooglik mei predaasjebehearplannen te kommen. Yn july 2015 hawwe we in lêste (need)oprop dien oan de kollektiven om in predaasjebehearplan oan te leverjen, mei it boadskip dat in ûntheffing allinnich oanfrege wurde kin fia de predaasjebehearplan. Foar It opstellen fan dy predaasjebehearplannen binne troch ûs oan BoerenNatuur middels beskikber steld. Om it de kollektiven sa maklik mooglik te meitsjen, hat de provinsje hjirfoar yn 2014 in protokol oanlevere.


Meer informatie:

Maaike Prins, Statenlid CDA Fryslân, (06) 1051 0667, m.prins@fryslan.frl
Fernande Teernstra, Statenlid CDA Fryslân, (06) 4700 7300, f.teernstra@fryslan.frl