Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
20 april 2016

De Nije Afsluitdijk

Wy fine it faaks gewoan, mar de Ôfslútdyk is in hiel bysûndere dyk en in daam tagelyk. Oanlein foar de feilichheid, mar ek in wichtige ferbining mei Noard Hollân. Dy ferbining, de dyk, sa hurd mooglik fan A nei B komme stiet no miskien foar ús wol op nûmer ien. Mar it is ek in wichtige attraksje foar toeristen, dêr geane wy wolris wat tefolle oan foarby.

No’t de dyk opwurdearre wurde moat, is dat in prachtige gelegenheid om tagelyk omtinken te jaan oan it toeristyske aspekt, oan de natuer en oan de ekonomyske funksje. Dêrfoar is in ambysje aginda opsteld.
 
De ambysje-aginda Ôfslútdyk giet oer yn’e útfieringsfase. In omfangryk projekt, dat oanslút by en mearwearde jout oan de opwurdearring fan de Ôfslútdyk. It jout unike kânsen om dy mearwearde te fersilverjen.

En it biedt in soad wurkgelegenheid, foaral ek yn ús regio. Ek dat is foar it CDA in wichtich aspekt. De fiskmigraasjerivier is in ynnovatyf en ambysjeus projekt dat bydraacht oan de KRW- en Natura 2000-doelstellings. Der kin no begûn wurde mei de útfiering, wy binne hiel nijsgjirrich nei it risseltaat.
De finânsjes foar it lêste part fan de twadde fase binne noch net rûn, mar der lizze noch wat izers yn it fjoer. Wy fersykje it kolleezje om ús op ‘e hichte te hâlden fan de stân fan saken hjiromtrint.

De pilots foar duorsume enerzjy hawwe al it ien en oar opsmiten. In oantal projekten kin fierder ûntwikkele en útrôle wurde. Ek dat stiet garant foar mear wurkgelegenheid yn Fryslân en yn it noarden. Prachtich dat dizze pilots meinaam wurde kinne yn it projekt fan de Nije Ôfslútdyk.
 
Tegearre mei it nije besikerssintrum wurdt it ikoan Ôfslútdyk in echte lûker foar in moaie dei op stap foar ús en foar toeristen fan omfieren. Mar gau oan’e slach! De CDA-fraksje stimt yn mei de realisaasje-oerienkomsten foar de fiskmigraasjeriver, duorsume enerzjy, it part Noard Hollân en it fytspaad en mei it byinoar bringen fan de losse budzjetten yn in bestimmingsreserve.
 

Mear ynformaasje:

Maaike Prins, Steatelid CDA Fryslân, (06) 10 51 06 67, m.prins@fryslan.frl