Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
29 september 2016

Pilot tydlike peilferheging Lauwersmar

Der is al in moai skoft sprake fan ûnrêst by omwenjenden en boeren rûn de Lauwersmar oer de plannen om in pilot te dwaan mei in tydlike peilferheging yn’e mar. De provinsje Grinslân en Wetterskip Noorderzijlvest binne einferantwurdlik foar dizze pilot, mar ek de provinsje Fryslân draacht ferantwurdlikheid foar de feiligens fan gebiet en ynwenners, foar de boeren en foar de natuer.

It kolleezje hat twa ynformaasjejûnen belein, yn juny en septimber, op dy jûnen binne tal fan fragen beantwurde. Ek is der ôfpraat om op meardere plakken peilbuizen te pleatsen. De belanghawwenden binne bliid mei dizze ynset fan ús kolleezje.



Soargen en fragen
Mar der binne noch in pear essinsjele fragen net beandere en soargen binne net weinaam. It liket derop dat oerheden neiinoar wize as der fragen en ûndúdlikheden binne. Dat is spitich, dêrom hawwe wy neigeande fragen foar it kolleezje:

1. De ynwenners fan it gebiet meitsje har soargen oer de feiligens yn it gebiet. Yn’e ôfrûne jierren hawwe swiere buien soarge foar wetteroerlêst. Der wurde hieltyd swierdere buien ferwachte, yn kombinaasje mei in hegere wetterstân sil dat foar mear problemen soargje. Hoe tinkt it kolleezje dizze oerlêst foar te kommen?

Antwurd: De feiligens fan de omwrâld komt op it foarste plak. It wetterskip Noorderzijlvest hat in behearprotokol opsteld. Dat behearprotokol hâldt yn dat sadree’t ûngeunstige omstannichheden ferwachte wurde, de wetterstân wer nei NAP -0,93 m werombrocht wurdt. Dan hat de Lauwersmar wer genôch buffer. In yndikator yn it behearprotokol is de delslachferwachting foar fiif dagen. It wetterskip Noorderzijlvest makket gebrûk fan de delslachferwachtings fan it KNMI. Der wurdt nei de ferwachtings foar de earstkommende fiif dagen sjoen.

Wat de klusterbuien oanbelanget: dy falle lokaal en jouwe lokaal oerlêst. Dy ûntstiet benammen meidat it reinwetter nel de leechstlizzende stikken fan in gebiet streamt. Foar de Lauwersmar sels binne klusterbuien om dy reden minder bepalend. In tige ekstreme klusterbui in allinnich yn it Lauwersmar fan 100 mm bringt it peil fan de Lauwersmar mar 10 oant 15 sm heger, soks troch it grutte oanpart iepen wetter yn de Lauwersmar en in tige beheind ôfwetteringssysteem op de kwelderplaten. Dat jildt ek foar de gebieten dy’t frij op Fryske boezem ôfwetterje, lykas by Dokkumer Nije Silen. As yn dat gebiet in klusterbui falt, sil de boezem op dat plak mar in bytsje omheechgean. Yn polders kin it effekt wol grut wêze, mar dêr is dan wer gjin effekt fan de reidproef te merken (dêr giet it allinnich om it effekt fan de bui).

Fierder is de kâns betreklik lyts dat der in klusterbui falt yn de perioade dat de reidproef ût fierd wurdt. Ekstreme buien falle benammen simmerdeis (july/augustus) en net yn e maitiid.

2. In hegere wetterstân yn’e mar sil soargje foar in hegere grûnwetterstân. Mei as gefolch mear fersâlting en negative gefolgen foar de ikkerbou. Hoe tinkt it kolleezje dizze negative gefolgen wei te nimmen?

Antwurd:
Om de kwantitative en kwalitative effekten fan de peilopset op de welle en op de grûnwetterstannen fêst te stellen is in geohydrologyske stûdzje dien troch Sweco Nederland B.V. Yn dizze stûdzje binne modelberekkenings útfierd.

Ût de model berekkenings docht bliken dat de ynfloed fan de tydlike peilopset op de grûnwetterstân yn de omwrâld betreklik beheind is. It geohydrologysk ûndersyk hat ûtwiisd dat de ferhegings fan de grûnwetterstannen beheind binne (<0,05 m). Dat is it gefoich fan de Iytse trochlitfaktor fan de boaiem yn kombinaasje mei de peilopset. Ticht by de Lauwersmar is it effekt op de grûnwetterstân it grutst. Troch ûntwetteringssystemen, lykas drainaazje en wettergongen, wurde de effekten yn de Iânbougebieten timpere.

Om in didlik byld fan de effekten te krijen wurdt, foarôfgeand oan de reidproef, in grûnwettermjitnet ynrjochte en in effektmjittingsplan opsteld. Dat grûnwettermjitnet oan de Fryske kant is benammen bedoeld om fêststelle te kinnen oft der effekten yn de wat djippere wetterfierende lagen binne en hoe grut oft dy binne. De ferwachting is dat de effekten dêr earder fêst te stellen binne as ûndjip yn lânbouperselen, dêr’t drainaazje en lânbousleatten de effekten op de grûnwetterstân sterk dimpe sille. De bedoeling is om de mjittings efternei te keppeljen oan rekkenmodellen om in gebietsdekkend byld fan de effekten te krijen.

Mei trije bedriuwen hat kontakt west oer it oanbringen fan oanfoljende peilbuizen op lânbouperselen. Op ien fan dy bedriuwen giet it, op it stik fan fersâltsjen, no al om krityske omstannichheden. Op dat bedriuw wurdt al ûndersyk dien dat kofinansiere wurdt ût it Programma Fryslân Fernijt. Der sil noch oerlein wurde oer it type mjittings dêr’t oanfoljende ynformaasje mei ynwûn wurde kin oer de effekten fan de reidproef.

In beheinde tanimming fan sâlte welle yn in grutter gebiet om de Lauwersmar hinne kin net tefoaren kommen wurde. Dy taname fan welle sil by en nei de reidproef troch rekkenmodellen en analyze van mjitsifers yn byld brocht wurde, sadat de effekten op it fersâltsjen ferwurke wurde kinne yn de ôfwaging fan it takomstige peilrezjym fan de Lauwersmar.

3. Der is tasein dat der in nulmjitting plakfine sil yn it gebiet, sadat op’e tiid yngrypt wurde kin as der negative  gefolgen foar de omjouwing driigje te ûntstean. De provinsje Fryslân is no dwaande om peilbuizen te pleatsen foar monitoaring. As de pilot echt begjin 2017 plakfynt, is dat ryklik let.  Kin it kolleezje oanjaan wêrom der net earder útein set is mei it dwaan fan de nulmjitting? Sa nee, wêrom net? In nulmjitting soe breder wêze moatte as it pleatsen fan peilbuizen; hokker ynstruminten wurde noch mear ynset? Wa is der ferantwurdlik foar dy nulmjitting op it Fryske grûngebiet?

Antwurd: De nulmjitting hat syn beslach krigen troch in rekkenmodel los te litten op de mjitsifers fan besteande peilbuizen dy’t mei oar sifermateriaal (boaiem, geomorfology en al sa mear) oanfolIe binne. Der hat gun nulmjitting west op bedriuwsnivo, om’t dêrmei gjin folslein byld fan de omwrâld krigen wurdt; it neidiel fan in peilbuismjitting is dat dy mar op in beheind tal lokaasjes ttfierd wurde kin en in byld jout dat inkeld foar dy lokaasjes jildt. Troch in model te brûken kin foar in grutter gebiet in byld fan de effekten krigen wurde. Foar it berekkenjen fan de effekten fan de peilopset op it grinsflak fan swiet en sâlt is gebrûk makke fan 2Dgrûnwettermodellen foar de neikommende dwersprofilen: Robbegat/Lauwerseach, Marnewaard, Sâltkamp, Kollumerwaard en Bochtsjesplaat.

Yn oanfolling op it besteande peilmjitnetwurk (grûnwetterpeil, oerflaktewetterpeil en sâlt) wurde yn ‘e hjerst fan 2016 noch peilbuizen tafoege. Benammen om de modelberekkenings hifkje te kinnen op grûn fan it mjitmateriaal by en nei de reidproef.

Om in byld te krijen op perseelnivo is it ûtstel om op in tal agraryske aspekten in peilbuis oan te bringen. Dêr is no mei trije bedriuwen kontakt oer.

By de effektmjitting giet it om mjittings grûnwetterpeil, oerflaktewetterpeil en gloridegehalte. Boppedat is it de bedoeling dat op in tal lokaasjes noch reinmeters oanbrocht wurde om it ferbân tusken grûnwetter, oerflaktewetter en de delslach sjen litte te kinnen.

De provinsje Grinslân hat de rezjy oer de itfiering en is ferantwurdlik foar de nulmjitting. De provinsje Fryslân hat dêr oerlis oer mei de provinsje Grinslân en yn oerlis fiert de provinsje Fryslân ek ûnderdielen ût. Oer wa’t de mjittings op it grûngebiet fan Fryslân docht wurdt noch oerlein. De provinsje Fryslân jout advys en docht de analyze fan it materiaal.

4. Der is ûndúdlikheid oer it úteinlike peil foar de Lauwersmar, en oer hoe’t dat útpakt foar de omlizzende landerijen, dy’t net allegear op deselde hichte lizzen. Kin it kolleezje oanjaan hoe’t dêrmei omgien wurde sil? Sille der mei in heger peil yn’e mar problemen ûntstean foar de ôfstream fan it boezemwetter út Fryslân?

Antwurd:
As beskikbere romte foar de reidproef is keazen foar in bânbreedte tusken it besteande streefpeil (-0,93 m NAP) fan it peilfek Lauwersmar en it streefpeil fan de Fryske boezem (-0,52 m NAP). Dêr is foar keazen, om’t it frij ôfstreamen ût de Fryske boezem wei dan mooglik bliuwt. As dat lêste tsjin de ferwachting yn net slagget, dan is der mei Wetterskip Fryslân de ôfspraak dat foar dat doel in berop op it Hooglandgemaal by Starum dien wurde kin. De ferwachting is dat it peil, as de reidproef dien wurdt, om de -0,62 m NAP hinne skommefje sil.

Yn it behearprotokol dat foar de reidproef opsteld is, is as yndikator it wetterbeswier Fryske Boezem (trochsneed oer de earstkommende trije dagen) opnommen. As it wetterbeswier boppe de 7 mln. m3/dei komt, dan wurdt de reidproef ôfbrutsen.

In tal perselen leit no yn de frije ôfstream fan de Lauwersmar. Om de Lauwersmar hinne leit in tal lânbouperselen dy’t yn de besteande situaasje in streefpeil hawwe fan om-ende-by -0,93 NAP. Dy perselen wurde foar de doer fan de proef fan it Lauwersmarpeil ôfsletten troch it oanbringen fan tydlike pompen.

5. Der is ûndúdlikens oer it tiidrek fan de pilot. It gie earst om 6 wike, no liket it derop dat it 10 wike wurdt, ntl. oant 15 april wylst yn it behearplan oanjûn is dat dat uterlik 1 april wêze sil. Kin it kolleezje dúdlikens jaan oer de duer fan de pilot? Sa nee, wêrom net? Is it kolleezje it mei ús iens dat in eindatum fan 15 april tige neidielich is foar de rekreaasjesektor en foar de ikkerbou en dêrmei net winsklik?

Antwurd:
Yn it behearplan Natura-2000 Lauwersmar is fêstlein dat de proefperioade rint fan 15 febrewaris oant 15 april. Yn dy perioade fan 8 wike sil it peil 6 wike lang ferhege wurde oant -0,52 NAP. Uterlik 15 april sil it peil wer werombrocht wêze op it nivo fan foar de reidproef.

Wy binne it mei ja iens, dat it winsklik is dat de reidproef foar 1 april ôfsletten is. De ynset sil wêze om op 15 febrewaris mei de proef iitein te setten, sadat de 6 wike foar 1 april ferstrutsen binne. Der is foar de eindatum fan 15 april keazen, sadat letter mei de proef ûteinset wurde kin as de omstannichheden om 15 febrewaris hinne net geunstich binne.

6. Kin it kolleezje oanjaan hokker ynformaasje de pilot opsmite moat en wat de kritearia binne om de pilot om te setten yn in definitive ferheging fan it peil yn ‘e maitiid?

Antwurd:
De reidproef moat dûdlik meitsje oft it areaal fitaal reid en slikige dielen tanommen is. Der is in ûndersyksprogramma opsteld. In tal fragen it dat programma is ûnderwilen al beântwurde, lykas:
  • Wêr en wannear giet it om in beheining fan de fiskmigraasje, en hokker maatregels maatte nammen wurde? (fan it neier regeljen fan it iepen- en tichtsetten fan slûzen oant it ferbetterjen fan de technyske mooglikheden fan fiskmigraasje).
  • Wat binne de rânebetingsten dyt de wetterdynamyk bepale?
  • Hokker (heechste) wetterstannen binne mooglik yn it winterhealjier sûnder dat de winske ôfwettering en wetterfeiligens yn gefaar komt? Mei oare wurden: hokker stannen kinne wannear konkreet wurde?
  • Hoe fluch nimme wetterstannen ta of ôf?

De neikommende fragen ût it ûndersyksprogramma wurde by en nei de proef beântwurde:
  • Yn hoefier draacht It ferheegjen fan de peildynamyk by oan it behâld en it ûntstean fan wetterreid en fitale reidfegetaasje op de platen?
  • Wat is it effekt op de geskiktens fan it gebiet as briedgebiet foar de Natura 2000-fûgelsoarten, benammen briedfûgels fan moeras mei oerjierrich wetterreid (reiddomp, brune hoanskrobber, snilekrûper, bûnt reidhintsje).
  • Yn hoefier draacht it ferheegjen fan de peildynamyk by oan It ûntstean fan slikige dielen?
  • Wat is it effekt fan peildynamyk op de geskiktens fan It gebiet as bried- en foerazjeargebiet foar fûgels fan slikige, dreechfallende wâlskanten en fûgels fan ûndjippe wetters?
  • Wat binne de effekten fan it ferheegjen fan de peildynamyk op de KRW-doelen, benammen de makrofiten en makrofauna?
  • Wat is it effekt fan it ferheegjen fan de peildynamyk op de oanwêzigens en kwaliteit fan knopich bearzerûch?
  • Wat binne de ekstra kosten fan it bemeallen by in eventuele ferheging fan de peilen?
  • Binne ekstra maatregels fanneden om de fiskmigraasje fan en nei de Drintske beken yn stân te hâlden, en as dat It gefal is, wat binne dan de ekstra kosten fan dy maatregels?
  • Wat binne de ekstra kosten foar kaaien, beskoaiïng, stegers en al sa mear as gefolch fan in eventuele ferheging fan de peilen en hokker foarmen fan skea binne eventueel te foarsjen as gefolch fan hegere peilen?
Om ta wetterbehear foar de langere termyn te kommen wurdt, lykop mei de reidproef Lauwersmar, in tal oanfoljende ûndersiken en wetterbehearsenario’s opsteld.

De resultaten fan de proef foarmje It basismateriaal foar it ynrjochtsjen fan it takomstige peilbehear en it oplossen fan de besteande behearknyppunten. Nei de reidproefperioade fan 2 jier is der besltitfoarming op grûn fan in ôfwagingsramt. Dêr wurdt de doelrealisaasje by de ferskate senario’s yn beoardiele en ek de effekten op oare funksjes (lykas feiligens, wetterberging, wetterbehear, dield rekreatyf gebrûk, beropsfeart, fiskerij yn en bûten It gebiet). De ôfwaging wurdt dus op technyske, ekologyske en finansjele grûnen makke.
 

Mear ynformaasje:

Maaike Prins, Steatelid CDA Fryslân, 06-1051 0667 of m.prins@fryslan.frl