Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
19 juni 2006

Schriftelijke vragen over Kanon Frysk

De CDA Statenfractie heeft schriftelijke vragen gesteld over de Kanon Frysk:

Ryk en Provinsje moatte der op ta sjen dat yn alle beliedsstikken oandacht skonken wurdt oan de konsekwinsjes fan de foarnimmens foar de Fryske taal en kultuer.

  1. Werom hawwe Jo de minister fan ûnderwiis hjir net op ferge by it opstellen fan de nasjonale canon troch de Commissie Ontwikkeling Nederlandse Canon?
  2. Hokker aksje binne Jo fan doel wannear te ûndernimmen?

Yntsjinner(s) (fraksje namme hântekening)
CDA fraksje, Geart Benedictus

 

Beantwoording

Datum antwoord: donderdag, 6 juli 2006
Underwerp: Fragen steatefraksje CDA nasjonale kanon foar it ûnderwiis

Achte hear Benedictus,

Ynit ramt fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK kêst 1.1) sjogge Ryk en Provinsje der op ta dat der yn alle beliedsnota’s dy ’t te krijen hawwe mei de beliedsmêden fan dyselde BFTK, omtinken jûn wurdt oan de konsekwinsjes fan de beliedsfoarnimmens foar de Fryske taal.

Op grûn fan dat útgongspunt stelle jo twa fragen, by ús ynkommen op 20 juny 2006:

1. Wêromhawwe jo de minister fan ûnderwiis hjir net op ferge by it opstellen fan de nasjonale kanon troch de “Commissie Ontwikkeling Nederlandse Canon”?
Neioanlieding fan boppeneamde kêst út de BFTK hawwe wy kontakt opnommen mei it ministearje fan OC&W oer dit ûnderwerp. Dêr kaam it folgjende út: de minister hat in iepen opdracht jûn oan de kommisje en de opset fan de kanon jout mooglikheden om de Fryske taal en kultuer in plak te jaan. De kanon hat neffens de minister en de ûnderwiisrie in trijeliddige funksje (trije konsintryske sirkels):

a) De kearn fan de kanon wurdt troch de minister behelle by de kearndoelen en de eksamenprogramma’s (binnenste sirkel).
b) Skoallen hawwe dêrnjonken romte om spesifike eleminten yn har eigen program op te nimmen (twadde sirkel).
c) De kanon kin funksjonearje as oriïntaasjeramt foar alderhande persoanen en ynstellings yn de brede maatskiplike kontekst (âlden, maatskiplike en kulturele ynstellings; bûtenste sirkel).

Wyfine dat de Fryske taal en kultuer in plak krije moatte soe yn alle trije boppeneamde sirkels.

2. Hokker aksjes binne jo fan doel wannear te ûndernimmen?
Deputearre Mulder hat op 8 febrewaris lêstlyn mei prof. dr. Frits van Oostrom (foarsitter Commissie Ontwikkeling Nederlandse Canon) en dr. Hubert Slings (sekretaris kanonkommisje) oer dit ûnderwerp yn petear west. Yn dat petear hat de deputearre oanjûn dat der, yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak én it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, yn ‘e “Canon van Nederland” oandacht skonken wurde moatte soe oan de Fryske taal, kultuer en skiednis.
Neffens kommisjefoarsitter Van Oostrom stribbet de kanonkommisje perfoarst net in “Rânestêd kanon” nei. Op de fraach yn hokker sirkel de eigen regio werom te finen wêze sil, andere Van Oostrom dat dy eigen regio al yn de earste sirkel oan bod komme moatte soe. Fierder sil de kommisje neffens Van Oostrom yn har oanbefellings yn har einrapportaazje oan de minister in lâns brekke foar de ynfolling fan in regionale fariant fan de kanon. Wy kinne ús dêr goed yn fine, benammen ek wat it plak dat de eigen regio yn de kearn fan de kanon fertsjinnet oanbelanget.

Wyhoopje jo sa foldwaande ynformearre te hawwen.

Meirju achtinge,
Deputearre Steaten fan Fryslân,
drs. E.H.T.M. Nijpels , foarsitter.
mr. J. Wibier , sekretaris.

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *