Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
14 november 2006

CDA, Christenunie/SGP en PvdA stellen schriftelijke vragen over gehandicaptensport

Rolstoeltennister Esther Vergeer is een succesvolle sportvrouw.De vragen zijn gericht aan gedeputeerde Ploeg en zijn beantwoord op 30 november 2006.

  1. Underskreaune leden fan Provinsjale Steaten wolle graach witte, wat jo oant no ta dien ha mei de troch de Steaten op 19 april 2006 oannommen moasje fan de ChristenUnie/SGP, mei ûnderskreaun troch it CDA, om yn goed oerlis mei Sport Fryslân it provinsjale ferlet oan fasiliteiten foar handikapte sporters en silers goed yn kaart te bringen en hjiroer foar de begruttingsgearkomste mei in útstel nei PS te kommen?
    De bepaling yn de moasje om te kommen ta in útstel oan Provinsjale Steaten,is troch ús opfette as in fersyk yn earsten te kommen mei in útstel mei in folsleine ynventarisaasje. Yn 2006 is in oersjoch fan it oanbod fan de Fryske ferienings krigen. Dat wurdt yn 2007 oanfolle mei de útkomsten fan it ûndersyk nei de sportynfrastruktuer. Dêrnei wurdt daliks in útstel foarlein oan Provinsjale Steaten.
    Hjirûnder fine jo it oersjoch oan fan de útfierde aktiviteiten yn 2006 en de aktiviteiten dy’t wy fan doel binne út te fieren yn 2007. Wy wolle hjirmei in byld sketse fan de ynspanningen troch Sport Fryslân. Oer dizze produkten is oerlis west tusken de Provinsje Fryslân en Sport Fryslân.
    Ut de ûndersteande opsomming blykt dat der yn 2006 (punt 2), en yn 2007 (punt 2 en 3) hurd wurke wurdt om it ferlet oan fasiliteiten foar handikapte sporters dúdlik te meitsjen. Foar de prioriteitstelling fan dy foarm fan stipe is yn de Sportnotysje € 30.000,- beskikber steld.
    Sa as fêststeld yn de sportnotysje, is yn 2006 de yntegrearde stipe fan groepen en aktiviteiten fan en foar minsken mei in beheining en foar minsken dy’t revalidearje út ein set.

    Aktiviteiten Sport Fryslân yn 2006:
    1. De stifting Frysas (in gearwurkingsferbân tusken Revalidatie Friesland en SPORT Fryslân) is formeel bekrêftige yn de maaitiid fan 2006. It belied fan Frysas is rjochte op yntegraasje en partisipaasje fan (de dielnimmers oan) oanpaste sporten. Men giet in strukturele gearwurking oan mei NebaNsg. Yn dit ferbân waard in nije brosjure Frysas útjûn. Dêr steane alle ferienings yn dy’t sportaktiviteiten organisearje foar minsken mei in beheining ( u.o. sylaktiviteiten yn Burgum oan de Burgumermar foar minsken mei in lichaamlike beheining). De nije website Frysas is gelyk online gien. (www.frysas.nl)
    2. Neist it ûntwikkeljen en oanbieden fan nije en besteande sport- en beweechaktiviteiten foar minsken mei in fysyke en mentale beheining hat SPORT Fryslân yn 2006 in registraasjesysteem opset om alle helpfragen en ferfolgaksjes, -stipetrajekten yn Frysas yn kaart te bringen.
    3. Dêrneist waard in sport- en spulgroep ûntwikkele foar minsken mei in groanyske oandwaning, rjochte op minsken dy’t sûnder helpmiddel foarút komme kinne, sa as minsken mei rêchproblemen, whiples en groanyske oandwaningen as reuma, astma/copd, CVA ensafh.

    Aktiviteiten Sport Fryslân yn 2007
    1. Organisaasje en útfiering moanne fan oanpast sporten (febrewaris 2007) mei fjouwer grutte aktiviteiten ta fuortsterkjen fan minsken mei in beheining om diel te nimmen oan sport- en beweechaktiviteiten.Ek it ûnder de oandacht bringen fan it oanpaste sporten by in breder publyk.
    2. In provinsjaal/lânnelik ûndersyk nei de kwaliteit fan de fysyke sportynfrastruktuer weryn’t de tagonkelikens en ferfiersproblematyk foar minsken mei in beheining meinaam wurdt.
    3. Dêrneist stiet SPORT Fryslân yn 2007 noed foar it fierder ynisjeren fan aktiviteiten yn de saneamde "witte vlekken" yn de Provinsje en it stypjen en begelieden fan sportoanbieders mei in kar foar minsken mei in beheining.

     
  2. Kin jo hjir noch foar desimber 2006 gefolch oan jaan?
    Sa as hjirboppe út ein set, sille wy de útkomsten fan de ynventarisaasje fan de sportynfrastruktuer earst ôfwachtsje foardat wy in folslein byld oan Provinsjale Steaten oanbiede.

     
  3. Kinne PS hjiroer in útstel fan DS noch yn ien fan de beide steategearkomsten yn desimber temjitte sjen?
    It ûndersyk nei de kwaliteit fan de sportynfrastruktuer freget u.o. sekuer oerlis mei de gemeenten yn Fryslân yn harren rol as beheerder fan de akkommodaasjes.
    Op dit stuit wurde yndikatoren ûntwikkele om de kwaliteit fan de sportakkommodaasjes te beoordielen. Dizze beoordieling wurdt breder oanpakt dan allinnich in beoordieling op winsklikhyd foar de ferskate doelgroepen fan sporters mei in beheining.
    Boppedat wurdt op dit stuit ûndersocht of it ministearje fan VWS en rol spylje kin yn in lanlike oanpak fan in gelikes ûndersyk.
    De útkomsten fan it ûndersyk nei de kwaliteit fan de sportynfrastruktuer sille ein 2007 bekind wêze. Dit sil der ta liede dat it útstel begjin 2008 oan de Steaten foarlein wurde kin.


Yntsjinner(s):
Rein Ferwerda, ChristenUnie/SGP
Jeanet Dijkema, CDA
Fimke Hijlkema, PvdA

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *