Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
29 januari 2007

CDA stelt fragen oer ŻnderwiisŻndersyk

De fragen binne rjochte oan deputearre Mulder en binne beantwurde op 15 maart 2007.

  1. Is DS bekend mei de resinsje fan Dr. Joh. Wijnstra (FD 24-1-07) oangeande it ûnderwiisûndersyk fan Dr. Bernie van Ruijven, wêryn stiet dat de metoade (metodology) en de konklúzjes oer de kwaliteit fan het basisûnderwiis net klopje?
    Ja, mar de konklúzjes fan dr. Wijnstra binne wat mear nuansearre as yn jim fraach oanjûn is.

     
  2. Laat dit ferskil fan (metodologysk) ynsjoch ta in oar ynsjoch by jo as deputearre, en by DS yn syn gehiel, as wy yn beskôging nimme dat in grut diel fan it belied op it mêd fan it ûnderwiis stuollet op de útkomsten fan it ûndersyk fan Dr. Van Ruijven?
    Wy wolle as Kolleezje net partisipearje yn de wittenskiplike diskusje oer de metodology fan de dissertaasje fan dr. Van Ruijven. De krityk fan dr. Wijnstra is benammen rjochte op de metodology fan in fergeliking fan Fryslân mei de oare provinsjes (Drinte, Limburch en Seelân). Dr. van Ruijven hat yn harren dissertaasje de nijste wittenskiplike metoaden fan ûndersyk tapast. Op basis fan it ûndersyk fan van Ruijven en alderhande oare wittenskiplike ûndersiken bliuwt folslein oerein dat der yn Fryslân sprake is fan ûnderwiisefterstannen.

     
  3. Is DS fan doel om sels mei in stânpunt oer dizze kwestje nei bûten te kommen, en dat dit stânpunt oan de oarde komt yn de Steategearkomste fan febrewaris 2007?
    Op basis van de ynhâld fan de krityk van dr. Wijnstra en it feit dat de dissertaasje oanlieding west hat ta it takenne fan de doktorstitel komme wy ta de konklúzje dat de metodology fan it ûndersyk fan dr. van Ruijven goed is. By de beäntwurding fan fraach 2 hawwe wy al oanjûn dat de wittenskiplike ûnderbouwing fan ús belied folle breder is as allinne de dissertaasje fan dr. Van Ruijven. Boppedat wurde de konklúzjes fan van Ruijven foar in grut part stipe troch de periodike rapportaazjes fan de Ynspeksje fan it Underwiis.

CDA, Frans Kuipers
 

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *