Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
6 december 2006

CDA stelt schriftelijke vragen over Friezentsjerke

De FriezentsjerkeIt CDA hat skriftlike fragen stelt oer de Friezentsjerke. De fragen binne rjochte oan de Kommissaris fan de Keningin en binne beantwurde op 15 febrewaris 2007.

  1. Is er in kommisje fan Tafersjoch, sa as de bedoeling wie by it beslút yn 2002 fan PS, doe’t hja sa’n € 45.000 beskikber stelde foar it mitseljen fan in saneamde ‘Geloofsmuur’ yn de Friezetsjerke yn Rome, ta stân kommen en ûnder lieding fan de Kommissaris oan de slach gien? 
    Sa’n kommisje fan tafersjoch is der net, om’t it bestjoer fan de Kerk der Friezen te Rome doetiids oanjûn hat in oare bestjoersfoarm te hawwen. De stichting seach de mearwearde fan sa’n rie net en hat ynstee dêrfan útsteld om de provinsje ynformearjen te bliuwen yn de foarm fan (finansjele) jier- en aktiviteiteferslaggen.  Jim Steaten hawwe yn septimber 2002 besletten om in subsydzje fan € 10.000,- beskikber te stellen foar de restauraasje fan de muorreskildering. ( sjoch taheakke). In bedrach fan € 45.000 foar de muorre is net oer besletten.

    Wy hawwe mei dat útstel ynstimd, om’t wy:
    - net it foech of de posysje hawwe om in rie fan tafersjoch ynstelle te litten by in ûnôfhinklike stichting;
    - it om in ienmalich subsydzje fan € 10.000 gong.

     
  2. Sa ja, hat de Kommissaris ek in aktiviteiteferslach krige fan de Friezetsjerke yn Rome?Sa net, hoe is it dan regel dat PS en ek de befolking fan Fryslân op ‘e hichte brocht wurdt (of wurde sil) fan de aktiviteiten fan de Friezetsjerke yn Rome?
    Sjoch it antwurd op fraach 1. Wy hawwe krekt op 28 desimber 2006 it ferslach oer 2005 ûntfongen. Dat hat ditkear wat langer duorre as oare jierren, om reden fan sykte by it bestjoer fan de stichting. Wy moatte it ferslach noch ynhâldlik beoardiele. Dêrnei sil it nei PS stjoerd wurde.

     
  3. As bygelyks de boppesteande fragen negatyf beändere wurde (moatte), hoe wol of hoe sil de Kommissaris of Deputearre Steaten dit ûntbrek oanpakke en útfiere? 
    De Kommissaris is fan doel en sil yn 2007 op basis fan syn doedestiids troch de Steaten winske, tafersjochhâldende ferantwurdlikens nei de Tsjerke yn Rome ta. Foar de tarieding sil hy ûnder oare gebrûk meitsje fan it ferslach oer 2005 en eardere jierren.


Yntsjinner CDA, Frans Kuipers

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *