Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
19 september 2007

CDA stelt vragen over studentenhuisvestingsproblematiek

Het CDA heeft signalen gekregen dat er een nijpend tekort is aan studentenhuisvesting. Tot ver buiten Leeuwarden (Tzummarum) zoeken studenten naar woonruimte. Studenten zijn genoodzaakt kamers tegen woekerprijzen te huren.

De vragen zijn gesteld aan Gedeputeerde Staten en zijn beantwoord op 25 oktober 2007.
  1. Binne jo bekend mei it feit dat húsfestingsproblemen fan de studinten yn Ljouwert hieltiten grutter wurde, sadat studinten sels fier bûten Ljouwert yn karavans wenje moatte?Nee, dat is ús net bekend. De húsfestingsproblemen fan studinten yn Ljouwert wurde neffens de gemeente Ljouwert earder lytser as grutter. It docht bliken dat der in delgeande trend is by jongerein om op keamers te wenjen, studinten (yn Ljouwert) bliuwe hieltyd faker thús wenjen. Dat nettsjinsteande de tanimming fan it tal HBU-studinten (tusken 1995 en 2005 in groei fan 13.392 nei 15.539 studinten).
    Dit jier koenen der, mei troch genôch oanbod earne oars yn de gemeente, 300 kwalitatyf minne keamers (konteners Rengerslaan) fan de wenningmerk helle wurde. Fanwege it ûnferwacht heger tal oanmeldings is foar in groep bûtenlânske studinten tydlik ûnderdak fûn yn rekreaasjepark Tsjommearum, oant novimber dit jier. Dat giet dus om in spesifike en tydlike situaasje. 
     
  2. Kinne jo oanjaan wat de reden fan dit probleem is?Wy sjogge, sa as út it andert op fraach 1 bliken docht, gjin probleem. 
     
  3. Is der noch hieltiten regelmjittich oerlis mei de gemeente Ljouwert oangeande it wenningboubelied, krekt as in oantal jier ferlyn?De provinsje hat geregeldwei oerlis mei de gemeente Ljouwert oer it wenningboubelied. Dêrnjonken is der oer dat ûnderwerp ek yn BOSL-ferbân mei de Stedsregio Ljouwert ien kear yn de twa moanne oerlis. 
     
  4. Hokker oare partners binne by dit probleem behelle, omdat de studinten harren festigje moatte bûten de gemeentegrinzen fan Ljouwert en smyt dit gjin ekstra problemen op (bygelyks wat belied mar ek wat fergunnings oanbelanget)?De gemeente Ljouwert hat in betingstenskeppende rol yn de húsfesting fan studinten. De regygroep studintehúsfesting bepraat fraach en oanbod fan húsfesting foar reguliere en bûtenlânske studinten. Dielnimmers oan dy regygroep: de wenningkorporaasjes, de NHL, Housing Office en Kennisstad Leeuwarden. De gemeente Ljouwert is foarsitter. It Housing Office regelet de echte húsfesting.
     
  5. Binne der al sinjalen dat it heger ûnderwiis yn Fryslân minder oanmeldings krijt troch de minne húsfestingsmooglikheden?Krektoarsom, lyk as earder oanjûn groeit it tal studinten yn Ljouwert.
     
  6. Op hokfoar wize hat de provinsje foech of in rol oangeande it spesifike probleem fan de studintehúsfesting?

    De provinsje hat gjin direkte ferantwurdlikheid foar de spesifike húsfesting fan studinten. Dat is ek it stânpunt fan de gemeente Ljouwert. De provinsje hat yn algemiene sin in ferantwurdlikheid foar it wenningboubelied yn relaasje ta it wenningferlet op provinsjaal nivo.

Meer informatie:

CDA, Rendert Algra, 06 – 5160 2220