Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
19 december 2007

CDA stelt skriftlike fragen oer gebrűk fan Frysk by ANBO

It CDA hat, mei de PvdA, FNP, CU, SP en Grien Links, skriftlike fragen stelt oer it gebrûk fan it Frysk by de ANBO, in âlderenbûn. De fragen binne rjochte oan deputearre De Vries en beantwurde op 7 febrewaris 2008.

De fragen binne as folget:

  1. Neffens ús ynformaasje mei op iepenbiere gearkomsten fan de ANBO yn Fryslân (gewest Fryslân), net Frysk praten wurde. Wat fine jo hjir fan? 
    As wy útgeane fan it brief fan de hear Heida fernimme wy dat it ANBO net in konsistint taalbelied fiert. Yn de regio fan de Jouwer mei gjin Frysk brûkt wurde, wylst yn de regio Boalsert soks wol tastien wurdt. Krektoarsom, it ANBO jout yn har reaksje op ús brief wer dat op gearkomsten mei respekt en linich mei de ûnderskate sprutsen talen omgien wurdt by gearkomsten. Op de oanbelangjende opliedingsgearkomste dêr’t de hear Heida by oanwêzich wie, is neffens it bestjoer mei opsetsin keazen foar it Nederlânsk as fiertaal, omdat in oantal oanwêzigen dy’t har krekt yn Fryslân nei wenjen setten hiene oanjûn ha dat it Frysk har noch net eigen wie. Op grûn fan boppesteande ynformaasje kin net de konklúzje lutsen wurde, dat op gearkomsten fan de ANBO gjin Frysk sprutsen wurde mei.

  2. Is it brûken/ tastean fan it Frysk yn iepenbiere gearkomsten opnaam yn de subsydzjebetingsten fan de provinsje Fryslân?
    It brûken/tastean fan it Frysk op iepenbiere gearkomsten is net direkt opnommen yn de subsydzjebetingsten. Der kin wol in ferwizing makke wurde nei kêst 44 fan de Algemiene Subsydzje-oardering, dêr’t in bepaling yn opnommen is dat de subsydzje-ûntfanger neffens de wet, de goede seden en it iepenbier belang hannelje moat en gjin diskriminearjend belied fiere mei.
    Boppedat stelt kêst 23 fan dyselde oardering dat wy net-doelrjochte ferplichtingen, sa as yn dit gefal oangeande it gebrûk fan it Frysk troch subsydzje-ûntfangers, yn provinsjale subsydzje-oarderingen oplizze meie, foar safier it giet om de wize wêrop en de middels dêr’t de subsidiearre aktiviteit mei plakfynt. Ien en oar is allinnich mooglik ûnder strange easken as gefolch fan de Algemiene wet bestjoersrjocht en is bot ôfhinklik fan it gefal. De Algemiene Subsydzje-oardering lient him hjir yn alle gefallen juridysk-technysk net foar.

  3. Sa ja, hoe wurdt de ANBO hjir op oansprutsen?
    Wy ha it Gewest Fryslân (ANBO) in brief stjoerd en har it fersyk dien en ûntwikkelje in algemiene fizy foar it brûken fan de Fryske taal yn Fryslân en by foarkar ek foar de lytsere talen it Biltsk en it Stellingwerfsk foar regio’s dêr’t dy talen aktyf sprutsen wurde. De ANBO hat ûnderwilens skriftlik op it brief reagearre. Us brief en de reaksje fan de ANBO binne taheakke.

  4. Sa nee, binne jo dan mei ús fan miening dat in grûnrjocht dat de provinsje neistribbet, befjochtet en doel is fan belied, dochs net (troch in subsydzje-ûntfanger fan de provinsje), ferbean wurde kin?
    Wy binne fan betinken, dat soarch- en wolwêzensynstellings dy’t fan ús subsydzje krije net streekrjocht oan minsken ferbiede kinne om binnen de provinsjale grinzen it Frysk te brûken. Dit is ommers ek fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (ambysje 7.8) dêr’t yn opnommen is, dat ‘belange-organisaasjes op it mêd fan de wolwêzens- en sûnenssektor, dy’t aktyf binne binnen de provinsje Fryslân, omtinken jouwe oan it brûken fan it Frysk binnen ‘harren ‘sektor’.

  5. Kin dat dan foar takommend jier opnommen wurde by de ANBO en oare organisaasjes dy't jild fan de provinsje Fryslân krije?
    Wy sille neier besjen oft yn in de provinsjale subsydzje-oarderingen oangeande soarch en wolwêzen in bepaling opnommen wurde kin oer it brûken fan de Fryske taal rekkenjend mei de BFTK. As soks neier juridysk-technysk útiten is, sille wy jimme dêr in meidieling oer dwaan.

Yntsjinners

CDA, Geart Benedictus
PvdA, Gryt van Duinen
FNP, Annigje Toering
ChristenUnie, Ynze de Boer
SP, Frans Baron
GrienLinks, Theo vd Bles

Reacties (2)

p.travaille reageerde op vrijdag 21 december 2007 om 14:15

goed fraegsdtelling! It is unbegriepelijk as it kloppet. Hea;wiis fan de ANBO.

j.kramer reageerde op vrijdag 16 mei 2008 om 20:54

ANBO wol foar âlderen węze, seit se. Alderen binne tichter bij hystoarje as jongeren. ANBO hat dęrmei noch net hystoarysk besef. UNBEGRYPLIK DIT TWINGEN, DIZZE DISKRIMINAASJE At we dan yn Fryslân net Frysk prate meie, węr dan wol?

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *