Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
28 juni 2006

CDA: Ganzengedoogbeleid schiet te ver door

De CDA Statenfractie Fryslân vindt dat de regelgeving omtrent het ganzengedoogbeleid te ver doorschiet. Dit werd afgelopen week weer eens duidelijk toen bleek dat een nieuw aangelegd fietspad tussen Oudega-W. en Blauwhuis, van 15 september tot 1 april dicht moet. In die tijd verblijft de rietgans daar, die niet gestoord mag worden. Het CDA heeft daarom vragen gesteld aan het college van Gedeputeerde Staten wat er aan dit probleem gedaan kan worden, maar zal dit probleem ook in Den Haag en Brussel aanhangig maken.

Het CDA maakt zich zorgen over deze ontwikkeling, zeker ook omdat de overlast van de ganzen in Fryslân steeds grotere vormen begint aan te nemen. Het CDA is voorstander van een beperkt ganzengedoogbeleid, maar vindt wel dat dit beleid op bepaalde plaatsen uit de hand begint te lopen. Wanneer blijkt dat de boeren en de burgers moeten wijken vanwege de mogelijke aanwezigheid van ganzen, gaat dit het CDA écht te ver.

Het ganzengedoogbeleid is op sommige plaatsen zo’n “succes”, dat de ganzen hier tot laat in het voorjaar of zelfs de zomer blijven zitten. Door deze grote aantallen wordt al het gras van de boeren opgevreten waardoor voer voor het vee moet worden aangekocht. Ook neemt de vervuiling door de ganzenuitwerpselen steeds meer toe. De positie van de landbouw komt hierdoor onder druk te staan en dat terwijl landbouw en recreatie al steeds meer te maken krijgen met stapeling van regelgeving.

De CDA Statenfractie Fryslân is van mening dat indien er niet tijdig wordt ingegrepen, dit probleem niet meer beheersbaar is. Zij zal dan ook in samenwerking met de CDA Tweede Kamerfractie en de Europarlementariërs nagaan of de Europese regelgeving niet strenger dan nodig wordt uitgevoerd.

Meer informatie:

Voor meer informatie kunt u contact opnemen met Sjoerd Galema: 06 – 29 07 31 86


Beantwoording

Datum antwoord: donderdag, 20 juli 2006
Underwerp: Steatefragen d.d. 29 juny oer fytspaad Aldegea-W ensfh

Rju achte steaten,
Hjirby wolle wy graach jimme fragen beänderje.

1. Binne jo it mei ús iens, dat it nijs oangeande it fytspaad tusken Aldegea-W. en Blauhús oanjout dat troch it trochsketten natuerbelied de guozzen rjochten ha, dy’t boargers en boeren net hawwe?
Nee, it natuerbelied is in minskesaak dêr’t minsken oer kedize en dêr’t minsken regeljouwing foar makke hawwe. Minsken bepale hokker romte hja de guozzen tahawwe wollen, de guozzen sels net. It giet hjir foar alle dúdlikens net om de guozzefoerageergebieten foar de blesgoes en de skiere guos, mar om Europeeske beskerming fan it blaupoatsje yn it FHR-gebiet fan de Aldegeaster Brekken. De situaasje mei it fytspaad is as folget te sketsen. Yn 2004 is foar dit fytspaad “Sypset” de mooglikheid foar subsydzje út Europees POP en SGB-jild besjoen. Dat koe, mar dan moast it paad wol gau oanlein wurde kinne. Sa wie der gjin tiid foar wiidweidich ûndersyk nei de gefolgen foar de natuer en is mei help fan de provinsje besjoen hoe oft der sa wurke wurde kinne soe dat it fytspaad sûnder fergunning koe, ek al is it in FHR-gebiet. Dat is slagge en hat der ta laad dat troch de gemeente in spesjaal trasee keazen is; by de oanlis is rekken hâlden mei fersteuring fan floara en fauna en dat sjoen de Europeeske rigels fan beskerming fan it blaupoatsje it paad ‘s winters net iepen is. Der is doe yn 2004 dus keazen foar in praktyske wize fan wurkjen om it Europeesk jild ynsette te kinnen. Der is sa’n 3,5 ton oan Europeesk jild yn sitten gien. De gemeente en de doarpen jouwe oan dat sy dizze konsekwinsjes altiten witten hawwe en dat nettsjinsteande dat hja bliid binne mei it paad.

2. Binne jo ree om te sjen as de grûn ûnder it fytspaad ûnder de beheinende regeljouwing fuort helle wurde kin?
It giet hjir dan no om de nije Natuerbeskermingswet en dus net om de floara – en faunawet. De beheining soe mooglik fuorthelle wurde kinne as der goed ekologysk ûndersyk oan te grûnslach leit dat seit dat der gjin signifikante effekten optrede foar de natuer. Wy binne ree om mei de gemeente nei te gean wat we dwaan kinne oan ûndersyk.

3. Binne jo it mei ús iens dat der oerlêst ûntstiet troch te folle guozzen dy’t net mear fuort geane, dat se ús marren fersmoargje en al it gers opfrette en dat de posysje fan de lânbou ûnder druk komme kin?
De guozzefoerageergebieten binne bedoeld foar oerwinterjende guozzen. De oersimmerende skiere guos is al langer in probleem en hjir is al in ûntheffing foar bestriding oan de Faunabeheereenheid jûn op grûn fan it Fryske faunabeheerplan.
Wy binne it der mei iens dat ek no oare oersimmerende guozzen (blesgoes en pauguos) in probleem begjinne te wurden. It ministearje fan LNV is dwaande mei beleid te formulearjen op grûn fan ûndersyk nei û.o. de gefolgen fan dizze oersimmerende guozzen. Op dit stuit hawwe wy in spesifike ûntheffing ôfjûn foar oersimmerende pauguozzen dy’t skea oan de lânbou diene, mar dat wiene ûntsnapte makke guozzen, in spesjaal gefal dat goedkard is troch it Faunafonds.

4. Binne jo it mei ús iens dat dit in ûnoplosbaar probleem oan it wurden is, ek mei it each op de stapeling fan regeljouwing?
Nee, wy binne net ree om it as in net op te lossen probleem te sjen, want dat soene de boeren der mei sitten bliuwe.

5. Binne jo ree om de útwreiding fan it tal hektare foar guozzegedoochen te weroerwaagjen?
Hjir giet it benammen om it guozzebelied fan de provinsje sa as wy dat yn it ramt fan it lânlike beliedsramt útfiere. Dy gebieten binne foar de oerwinteraars ûnder de guozzen. De gebieten binne op fersyk fan de boeren begrinze. Wy begrinzje allinne op basis fan frijwilligens en mei draachflak. BoerenNatuur en de Agraryske Natuerferienings wurkje dêr oan mei. De boeren krije lykas jo witte fergoeding foar de opfang. Der is op dit stuit gjin sprake fan útwreiding fan hektaren.

6. Wat kin de provinsje oan de oerlêst dwaan?
Untheffingen ôfjaan foar ôfskot, ôfspraken meitsje mei natuerorganisaasjes en sa fierder en dat yn in lânlik beleidsramt dat past yn de Europeeske regeljouwing.

Deputearre Steaten fan Fryslân,
drs. E.H.T.M. Nijpels , foarsitter.
mr. J. Wibier , sekretaris.

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *