Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
28 juni 2006

Schriftelijke vragen CDA over gruttopaartjes

Op het congres van 24 april jl. over de invulling van het Streekplan is troch de provinsje sein dat der in garânsje komme moat foar 50.000 pearen skriezen. De CDA Steatefraksje hat dêroer de folgjende skriftlike fragen stelt oan deputearre Andriesen:

  1. Hoe komme jo oan it getal fan 50.000 skriezepearkes?
  2. Wat hâldt de garânsje fan de provinsje yn?
  3. Oan wa wurdt de garânsje jûn en hoe hurd is dy?
  4. Kin neffens jo dit oantal skriezen allinnich mar yn in museumlânskip¹ sa ja, kinne jo dit útlizze, sa nee ek graach útlis?
  5. Hokker gefolgen hat de garânsje foar de ynfolling fan it Streekplan?

    ¹. Prof. Th. Piersma fan de RUG

Mear ynformaasje:

Geart Benedictus, wurdfierder

 

 

Beantwoording

Datum antwoord: donderdag, 20 juli 2006
Underwerp: beändering steatefraach 28 juny 2006

Rju achte steaten,
By brief fan 28 juni 2006 hawwe jo fragen stelt oer greidfûgelbelied. Hjirby wolle wy dy graach beänderje.

Fraach 1: Hoe komme jo oan it getal fan 50.000 skriezepearkes.
Andert: Dit tal is yndied yn in presintaasje oer romtlike kwaliteit by it Streekplankongres neamd, mar dit wie net krekt. Wy geane yn ús nije greidfûgelbelied – dat wy ynkoarten oan jimme oanbiede sille – út fan 25.000 pearkes oftewol 50.000 skriesen mei nêsten en dêrfoar is aktive ynset nedich op 50.000 bunder. It spyt ús dat jo troch ien fan ús amtners mei de presintaasje op de ferkearde foet set binne.

Fraach 2: Wat hâldt de garânsje fan de Provinsje yn?
Andert: It belied is rjochte op it mooglik meitsjen fan 25.000 pearkes. Garânsjes kinne lykwols net jûn wurde. It is yn saneamde smarttermen de winske situaasje.

Fraach 3: Oan wa wurdt de garânsje jûn en hoe hurd is dy?
Sjoch by 2.

Fraach 4: Kin neffens jo dit oantal skriezen allinne mar yn in museumlânskip? Sa ja, kinne jo dit útlizze. Sa nee ek graach útlis.
De term museumlânskip is ús net bekind, oars as út de krante dy’t jo neame. Yn ús wurkplan greidefûgels ûnderbouwe wy ús ambysje.

Fraach 5: Hokker gefolgen hat de garânsje foar de ynfolling fan it Streekplan.
Yn it streekplan wurdt ferwiisd nei nijere útwurking fan it greidfûgelbelied nei it wurkplan. Dat bliuwt sa.

Deputearre Steaten fan Fryslân,
drs. E.H.T.M. Nijpels , foarsitter.
mr. J. Wibier , sekretaris.
 

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *