Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
11 oktober 2006

CDA: visvriendelijke gemalen in Fryslân

Schroeven van een gemaalDe CDA Statenfractie Fryslân heeft schriftelijke vragen gesteld over de grote hoeveelheid vis, waaronder beschermde vissoorten, die jaarlijks door de draaiende schroeven van gemaalpompen in stukjes worden gehakt (1). Het CDA vindt dat er bij vervanging of renovatie van gemalen geleidingssystemen moeten worden aangelegd, waarmee vissen veilig door het gemaal kunnen komen.

In de ruim drieduizend Nederlandse gemalen worden jaarlijks miljoenen vissen in mootjes gehakt. Alleen bij grotere pompen hebben de vissen een kans. In de kleinere gemalen, zo’n tachtig tot negentig procent van het totale aantal, overleeft bijna geen enkele vis groter dan tien centimeter. In Groningen staat het eerste exemplaar van een visvriendelijk gemaal, waarbij de vissen via een omweg langs de dodelijke pompen worden geloodst. Zo’n tachtig procent van de vissen komt veilig door dit gemaal.

Het CDA pleit er daarom voor dat ook in Fryslân dergelijke visvriendelijke geleidingssystemen worden aangelegd. Omdat het aanpassen van een gemaal wel enkele tonnen kan kosten, kan deze aanpassing het beste worden gedaan bij vervanging of renovatie van een gemaal.

(1) Bron: ‘Waterschappen maken geen haast met visvriendelijke maatregelen. Miljoenen vissen in mootjes gehakt’. Bionieuws nr. 14, 22 september 2006

Lees ook:

Meer informatie: 

Geart Benedictus, woordvoerder CDA Statenfractie Fryslân, M. 06-51198707 


 

Beantwoording

Datum antwoord: donderdag, 23 november 2006
Ûnderwerp : fermeallen fan fisk troch (polder)gemalen

Achte steatefraksje,
Hjirby jouwe wy in antwurd op de fragen dy’t jimme steld hawwe.

Fraach 1: Binne jo derfan op ‘e hichte dat jierliks miljoenen fisken foar de (polder)gemalen de dea fine om’t hja fynfeald wurde?
Antwurd: It is bekend dat gemalen liede ta in oantaasting fan de fiskstân. Ek yn Fryslân wrakselt men dêrmei om. It wetterskip meldt dat 90% fan de gemalen yn ús provinsje fiskûnfreonlik is. It giet om alle gemalen mei in skroefpomp en om fizelgemalen mei in lytse fizel.

Fraach 2: Binne jo der fan op ‘e hichte dat hjir ek beskerme fisksoarten bysitte?
Antwurd: Der wurdt net registrearre hoefolle fisken slachtoffer wurde fan gemalen en ek net om hokker soarten it giet. Feit is lykwols dat der yn de Fryske wetters beskerme fisksoarten foarkomme en dy sille nei alle gedachten ek sa no en dan fermealle wurde.

Fraach 3: Moat neffens de Ramtrjochtline Wetter hjir ek wat oan dien wurde?
Antwurd: De KRW easket dat mooglike en betelbere maatregels nommen wurde om de ekologyske kwaliteit fan wetters yn in goede tastân te bringen. Ien fan de kwaliteitseleminten dêr’t dat oan ôfmjitten wurdt is fisk, en ien fan de mooglike maatregels is it pleatsen fan fiskfreonlike gemalen of sa nedich oanpassing fan besteande gemalen, tegearre mei oare fiskstânbehearmaatregels.

Fraach 4: Wolle jo der by it wetterskip op oantrune om by ferfanging of renovaasje fan gemalen altiten geliedingssystemen foar fisk oan te lizzen? Sa nee, werom net?
Antwurd: Wy hawwe dizze fraach oan de oarder steld yn it bestjoerlik oerlis mei Wetterskip Fryslân. It wetterskip studearret op struktureel belied om eat oan it probleem te dwaan. Dêrta wurdt in knyppuntanalyze útfierd fan de fiskmigraasje fan en nei de boezem. It pleatsen of oanpassen fan fiskfreonlike gemalen is dêrby mei klam oan de oarder.

Deputearre Steaten fan Fryslân,
drs. E.H.T.M. Nijpels , foarsitter
mr. J. Wibier , sekretaris 

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *