Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
10 oktober 2006

CDA stelt schriftelijke vragen over kenniscentrum landbouw

10 oktober 2006

Rjochte oan Deputearre Andriesen en beantwurde op 23 novimber 2006.

  1. Wat hawwe jo oant no ta dien oangeande de útfiering fan de moasje fan 21042004 oer de mooglike opset fan in kennis- en ûntwikkelsintrum foar de lânbou yn Noard Nederlân?
    Yn oparbeidzjen mei LTO Noard is mei de ûnderwiisynstellings yn Fryslân oerlein. Om de tafel sieten LTO Noard, AOC Fryslân, Nij Bosma Zathe, Van Hall Ynstitút, PTC+ en de provinsje. It earste oerlis wie op 25 maaie 2004. De ynset fan dat oerlis wie om mei-inoar nei te tinken oer de takomst fan it agrarysk ûndersyk en ûnderwiis. De grûnslach foar dat oerlis wie in fisy fan LTO Noard oer de takomst fan agrarysk ûndersyk en ûnderwiis yn Fryslân. Dat oerlis hat net ta in mienskiplik kennissintrum laat, mar wol ta it better mei-inoar oparbeidzjen fan en in bettere oansluting tusken de neamde ûnderwiisynstellings;
    In wichtich nij kennisynstitút is de Melkfee-akademy. Dy akademy foarsjocht yn in nije foarm fan ‘in libben lang leare’ dêr’t de lânboupraktyk ferlet fan hat. Ûnder oaren de provinsje hat yn novimber 2004 de Melkfee-akademy mooglik makke (jild en ynset fan eigen minsken) en hat der noed fan stien dat dêr yn Fryslân mei út ein set is. Boppedat is betinge dat de Fryske ûndersyks- en ûnderwiisynstellings nau by de aktiviteiten fan de Melkfee-akademy belutsen wurde. Sa wurdt der in managementtrening foar (jonge) greidboeren opset troch Van Hallen PTC+ en binne der ideeën foar it opsetten fan in junior Melkfee-akademy. Fierdersoan wurde foarsjennings fan de ynstellings troch de Melkfee-akademy brûkt. Der binne ek ideeën om te Melkfee-akademy te beheljen by de yntegrale gebietsûntwikkeling fan Dongeradiel. Okkerdeis hat de foarsitter fan BoerenNatuur derfoar pleite om de wurkwize fan de Melkfee-akademy te brûken foar in ‘greidefûgelakademy’. By in wurkbesite fan de deputearre oan Royal Friesland Foods (25 septimber lêstlyn) hat sy ek omtinken frege foar de kenniskomponint yn ‘e lânbou, it belang fan ‘e Melkfee-akademy, ensfh.

    Yn oktober 2006 is op fersyk fan LNV Noard in kennisdebat lânbou organisearre dat te’n doel hie om:
    - sjen te litten hoe’t kennis en kennisûntwikkelders tagonkliker wurde kinne foar ûndernimmers en dêr konkrete aksjes foar te beneamen;
    - in platfoarm te bieden, sadat ferskate partijen dy’t in rol yn ‘e kennisûntwikkeling of -trochstreaming hawwe yn ‘e regio, mei-inoar yn kontakt brocht wurde.

    De risseltaten fan dy gearkomste wurde yn novimber oan minister Veerman foarlein. Op it stuit wurdt wurke oan twa projektútstellen dy’t mei kennis yn ‘e lânbou ferbân hâlde, te witten:
    - Optimalisaasje yn ‘e lânbou. In opliedingstrajekt foar jonge agrariërs yn oparbeidzjen mei de Melkfee-akademy en
    - It Frysk Kennissintrum Plattelân. It giet hjir om in útstel fan AOC en PTC+.

     
  2. Hokker gefolgen foar de opset fan sa`n sintrum hat it beslút fan de Twadde Keamer d.d. 14 septimber jl om de stipe oan it PTC+ yn 4 jier ôf te bouwen?
    Gjin. Wy binne fan doel om troch te gean mei it stypjen fan de ûndersyks- en ûnderwiisynstellings yn Fryslân op grûn fan it besteande beliedsplan foar de lânbou. 

CDA, Geart Benedictus

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *