Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
7 december 2007

CDA, PvdA en CU stellen vragen over de Reststoffenenergiecentrale

Impressie van de reststoffenenergiecentraleCDA, PvdA en CU hebben schriftelijke vragen gesteld over de Reststoffenenergiecentrale, die Omrin in Harlingen willen realiseren. De vragen luiden als volgt en zijn beantwoord op 31 januari 2008. 

  1. Lykas bekend is op 21 novimber lêstlyn de ynspraaktermyn foar de MER foar de Reststoffenenergiecentrale (REC) dy’t Omrin yn Harns realisearje wol ôfrûn. Kinne jo oanjaan hoefolle ynspraakreaksjes der west hawwe nei oanlieding fan de ynspraakprosedure?
    Der binne goed 900 reaksjes fisys ynkommen nei oanlieding fan it op besjen lizzen fan it Miljeu-effektrapport (MER).

  2. Jout dat tal reaksjes ek in yndikaasje oer it draachflak foar de REC yn de streek?
    Der binne aardich wat skriftlike reaksjes. De measte reaksjes binne ynbrocht troch de wei fan in standertbrief dy’t ûnder oaren de Stichting Afvaloven Nee beskikber steld hat. By de harksitting dy’t yn de ynspraakperioade fan de MER hâlden is, wie de opkomst leech (om-ende-by 20 minsken). Der kin fêststeld wurde dat it tal ynkommen reaksjes gjin objektive yndikaasje jout foar it draachflak foar de plende REC yn ‘e regio Harns.

  3. As it antwurd op fraach 2 ja is, kinne jo oanjaan hoe’t jo dêr mei omgeane, ek yn it ramt fan itjinge dat steld is yn it Koersdokumint? (“Wij zullen tot besluitvorming komen op basis van feiten en argumenten, maar daarnaast zullen wij nadrukkelijk sociale duurzaamheid, voldoende draagvlak in de regio, als criterium meewegen.”)
    Net fan tapassing.

  4. Hoe ferhâldt him dat ta de wetlike taken dy’t de provinsje hat? 
    It beoardielingsramt foar de beslissing op in oanfraach foar in miljeufergunning stiet oanjûn yn ‘e kêsten 8.8 o/m 8.10 fan de Wet miljeubehear (Wm). De Wm-fergunning kin inkeld yn it belang fan de beskerming fan it miljeu wegere wurde. Sosjale duorsumens, ûnder oaren besteande út genôch draachflak yn ‘e regio, is gjin technysk kritearium by it beoardieljen fan in oanfraach foar in miljeufergunning.
    Wy beskôgje dêrnjonken sosjale duorsumens mei nammen as kreëarjen fan maatskiplik draachflak, spesifyk op regionaal nivo, foar de festiging fan de sintrale. Derta heart yn de kearn ek it betrouwen dat de bewenners - en ek ús kolleezje - ha yn de troch Omrin tapaste techniken as it giet oer de útstiet ensafuorthinne. De ynformaasjefoarsjenning nei de omjouwing, de kwaliteit en de folsleinens fan de MER en fergunningoanfraach binne ûnderdiel fan it proses om dat betrouwen en draachflak te kreëarjen. Yn alle oerlizzen dy’t de provinsje hat mei Omrin wurdt troch ús spesifiyk oandacht frege en oantrún op sociale duorsumens. Dermei makket it elemint sosjale duorsumens in wichtich part út fan it proses om te kommen ta in oanfurdbere MER en fergunningoanfraach.

  5. Wannear komt DS mei in reaksje op de yntsjinne reaksjes?
    De plenning is derop rjochte om yn febrewaris of maart 2008 in beslút oer de ûntwerp-miljeufergunning te nimmen. Yn de ûntwerp-miljeufergunning sil wiidweidich op de ynkommen reaksje yngien wurde.

  6. Kloppet it ferhaal dat de útkomsten fan it ûndersyk oanjaan dat de yn it MER omskreaune ynstallaasje net foldwaan sil oan de “laatste stand der techniek” en dat de útstjit heger wêze sil as oare, fergelykbere ynstallaasje dy’t yn Nederlân realisearre binne?
    De reaksje fan de m.e.r. Kommisje wurdt ôfwachte.

  7. Foldocht de troch Omrin frege útstjit fan ferskate stoffen oan de wetlike easken?
    Ja, alle útstjit sil oan de Nederlânske wet- en regeljouwing en Europeeske rjochtlinen moatte foldwaan.

  8. Is it mooglik dat de provinsje yn it ramt fan har foech yn de beskikking strangere easken steld as wat no troch Omrin oanfrege of ferwachte wurdt?
    Ja, op termyn is dat mooglik. Sadree’t de ûnderfinings mei dy ynstallaasje yn sifers fêstlein binne, sil ien en oar hifke wurde. Dêrnei wurde de fergunningfoarskriften mooglik stranger. Boppedat is yn ‘e MER oanjûn dat Omrin dernei stribbet om de útstjit yn ‘e lucht sa leech mooglik te hâlden.

  9. Is it mooglik dat de provinsje strangere easken steld as wat der no yn lanlike of Europeeske wetjouwing frege wurdt? Sa ja, wat soene dêrfan de konsekwinsjes wêze kinne?
    Nee.

  10. Kinne jo oanjaan wat de gefolgen wêze sille fan de oanfrege útstjit foar boargers, natuer en (agraryske) bedriuwen yn de omjouwing fan de foarname REC.
    Yn ‘e MER is berekkene wat de ferwachte útstjit fan de ferskate stoffen wêze sil. Dy útstjit is oan de wet- en regeljouwing hifke en liedt net ta ûntalitbere gefolgen.

  11. Kenne jo it ûndersyk dat it buro MOB yn opdracht fan de Waddenvereniging en Stichting afvaloven Nee? Ja, wy kenne it rapport.

  12. Yn it rapport fan MOB wurdt steld dat it MER “op een aantal belangrijke punten nog steeds niet geheel consistent” is. Diele jo dy stelling?
    It rapport fan MOB is as fisy tsjin de MER yntsjinne. Alle ynbrochte fisys wurde op it stuit beoardiele. Yn ‘e ûntwerp-beskikking yn it ramt fan de Wet miljeubehear sil wiidweidich op de ynkommen reakjes yngien wurde, ûnder oaren op it earder neamde rapport.

  13. As it antwurd op de foargeande fraach ja is, binne jo der dan gerêst op dat troch Omrin en har fertsjintwurdigers it proses fan de fergunningsoanfraach en fan it ûntwerp en de útfiering fan de REC op profesjonele wize oanpakt wurde?
    Wy hawwe der fertrouwen yn dat Omrin en de fertsjintwurdigers dêrfan it proses fan fergunningoanfraach, ûntwerp en útfiering fan de REC profesjoneel oanpakke.

  14. Der is yn’e plannen in keppeling makke mei it sâltfabryk fan Frisia. Troch Omrin wurdt oanjûn dat der ek petearen binnen mei oare partijen dy’t mooglik waarmte ôfnimme wolle fan de REC. Kinne jo oanjaan hoe konkreet dy petearen binne?
    Dit ha wy ek heard. De mooglikheden lykje serieus. Wy binne lykwol gjin partij. Dit is in privaatrjochtlike oangelegenheid tusken Omrin en partijen.

  15. Kinne jo oanjaan wat de tûkelteammen binne foar de makke ôfspraken foar it ôfjaan fan in miljeufergunning?
    De reaksje fan de m.e.r. Kommisje wurdt ôfwachte, dan pas witte wy oft der eventueel problemen binne.

  16. Kinne jo oanjaan wat de mooglikheden fan de provinsje as hanthavener binne op it stuit dat bliken docht dat de útstjit fan de REC heger is as wat neffens de beskikking tastien is?
    Wannear’t de útstjit fan de REC heger is as op grûn fan de beskikking tastien is, sil de provinsje hanthavenje, bygelyks troch it oplizzen fan in twangsom of it stillizzen fan de ynstallaasje.

  17. Is der rekkenskip hâlden mei in skeafûns yn it gefal dat der kalamiteiten plakfine soene? (Wy tinke dan oan bgl sa’n hege útstjit dat der gefaar optrede kinne soe foar bgl folkssûnens of kwaliteit fan lânbouprodukten.)
    Der is gjin skeafûns. Omrin praat mei fertsjintwurdigers fan LTO om ta in systeem fan bio-effektmjitting te kommen, in skeafergoedingsregeling dêryn begrepen.

  18. Op harren webside jout Omrin oan dat de miljeufergunning begjin 2008 ferkirgen wurde sil. Dêrmei wurdt de yndruk wekt dat de fergunningsferliening al yn kalk en semint is. Kloppet it werklik dat de fergunningsferliening al yn kalk en semint is?
    Nee, wy hawwe noch gjin beslút oer de ûntwerp-miljeufergunning nommen (sjoch fierder by de beäntwurding fan fraach 5).

  19. Wat is yn jo betinken de folchoarder fan de prosedueres dy’t noch trochrûn wurde moatte?
    1. De kommisje foar de MER bringt advys út oer de folsleinens, de krektens en de kwaliteit fan it miljeu-effektrapport. De kommisje sjocht dêrby ek nei de by DS ynkommen fisys (skriftlik of mûnling) en advizen.
    2. DS nimt in beslút (saneamde ûntwerp-beskikkking) oer de oanfraach fan de fergunning yn it ramt fan de Wet miljeubehear. Dêrby hâldt it rekken mei de gefolgen foar it miljeu en mei de ynkommen reaksjes en advizen. Yn it beslút jout DS mei arguminten oan wat der mei de resultaten fan de MER dien is. Fierder stelt it foechhawwend gesach fêst wat der hifke wurde moat en wannear. Tsjin de ûntwerp-beskikking kin beswier makke wurde.
    3. DS nimt in definityf beslút oangeande it takennen fan de fergunning yn it ramt fan de Wet miljeubehear. It hâldt dêrby rekken mei de beswieren dy’t ynkommen binne nei oanlieding fan de bekendmakking fan de ûntwerp-beskikking. Tsjin dat beslút is berop mooglik.
    4. DS hifket, mei de meiwurking fan de inisjatyfnimmer de werklike miljeugefolgen, lykas fêststeld yn de hifkingsparagraaf fan it nommen beslút. It nimt, as soks fanneden is, oanfoljende maatregels om de gefolgen foar it miljeu te beheinen.

  20. Kinne jo dêrby ek oanjaan wat it tiidspaad wêze sil fan de noch te folgjen prosedueres?
    Plenning:
    1. Advys fan de kommisje MER wurdt febrewaris 2008 ferwachte;
    2. Ûntwerp-beskikking ein febrewaris begjin maart 2008;
    3. Beskikking juny/july 2008;
    4. Hifking (noch net ynplend).

Yntsjinners:

Aafke Postma, PvdA
Henk van der Veen, CDA
Albert Oostland, Christenunie

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *