Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
14 december 2007

CDA en VVD stelle skriftlike fragen oer herstel fan reiden- en pannedakken

Rieten dakDe Steatefraksjes fan CDA en VVD hawwe skriftlike fragen stelt oer de subsydzjeregeling foar it herstel fan reiden- en pannedakken.

De fragen binne stelt oan deputearre Andriessen en binne beantwurde op 14 febrewaris 2008.

  1. Op hokker wize wurdt de subsydzjeregeling foar herstel fan reiden- en pannedakken betelle?
    Foar de regeling is by it iepenstellen op 5 novimber 2007 in subsydzjebudzjet fan ien miljoen euro beskikber steld. Dat bedrach wurdt sa dutsen: 
    - Subsydzjeregeling Ynrjochting Lanlik Gebiet (pmjp) € 500.000, dêr’t al in regeling yn siet foar it opknappen fan dakken fan pleatsen.
    - Útfieringsaginda Streekplan 2007 en 2008 € 500.000, sa’t dat yn de aginda opnommen is.
    Fanwegen it grutte tal oanfragen is it budzjet fan ien miljoen euro frijwat oerfrege en hawwe wy besletten om ien miljoen euro ekstra yn te setten. Dat ekstra budzjet wurdt sa dutsen: 
    - Subsydzjeregeling Ynrjochting Lanlik Gebiet (pmjp) € 700.000, dat wol sizze it restearjende jild yn de regeling oant 2013.
    - Útfieringsaginda Streekplan 2008 € 300.000.
    Mei-inoar is dus in budzjet fan twa miljoen euro beskikber steld, dat út de Subsydzjeregeling Ynrjochting Lanlik Gebiet (€ 1,2 miljoen) en út de middels fan de Útfieringsaginda Streekplan 2007 en 2008 (€ 0,8 miljoen) dutsen wurdt.

  2. De saneamde regeling foar dakbedekking is ferromme mei 1 miljoen euro. Ten koste fan hokker foarnommen aktiviteiten (ynklusyf fertraging) út de Utfieringsaginda Streekplan giet dizze ferromming?
    Yn ‘e begrutting fan de Útfieringsaginda bij it Streekplan is foar 2008 in budzjet fan 1,5 miljoen euro foar it spearpunt romtlike kwaliteit efterútlein. Dêrfan is ien miljoen euro as ‘fysyk jild’ bestimd. It budzjet ‘fysyk jild’ wurdt ynset om fysike ûntjouwings dy’t bydrage oan in bettere romtlike kwaliteit finansjeel te stypjen en te stimulearjen. It ûnderhâlden en opknappen fan dakbedekking fan pleatsen falt yn it ramt fan dy doelstelling. Dat stie ek yn de Útfieringsaginda. De ynset fan € 300.000 ekstra út it boppeneamd budzjet wie mooglik om’t it budzjet net folslein oan rinnende projekten ferplichte wie en hat dus ek net ta skea fan oare projekten of foarnommen aktiviteiten laat.

  3. Op hokker wize is in earlike en ordintlike wize fan it ferpartsjen fan it subsydzjejild fan de regeling regele?
    It iepenstellen fan de subsydzjeregeling is, lykas wenst, bekend makke yn it wyklikse parsepetear nei de gearkomste fan Deputearre Steaten op 31 oktober 2007 en mei in advertinsje yn ‘e regionale deiblêden op 3 novimber 2007. Alle eigeners fan pleatsen koene oer deselde ynformaasje beskikke foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach. Yn ‘e advertinsje en yn ‘e regeling wie oanjûn dat de oanfragen neffens folchoarder fan ynkomst behannele wurde soenen.
    Yn ‘e regeling is bepaald dat de subsidiabele kosten op syn meast 35% fan de kosten fan it ûnderhâlden, opknappen of oanbringen fan dakbedekking of ûleboerd bedrage, mei in maksimum fan € 15.000 foar dakken mei meastepart reiddekken en in maksimum fan € 10.000 foar dakken dy’t meastepart mei pannen dutsen binne en as lêste in maksimum fan € 500 foar in massyf houten ûleboerd. De praktyk hat útwiisd dat de subsydzjebedraggen minder heech útfalle as ferwachte wie (net elts hat it maksimale bedrach frege; der is ek reparaasjewurk útfierd), sadat der op dizze wize in bredere sprieding fan it budzjet oer mear subsydzje-oanfregers is. Uteinlik binne der 235 positive beskikkings útgien.

  4. Wurdt der wurke mei noarmearre kosten foar dakken? Sa nee, op hokker wize is garandearre dat foar de werklike kosten subsydzje jûn wurdt?
    Der wurdt net mei noarmbedraggen wurke. It subsydzje wurdt fêststeld op grûn fan de werklike kosten dy’t út de yntsjinne offerte en de orizjinele einôfrekken bliken dogge.

  5. Hoe geane jo om mei it al yn gong setten wurk foar herstel fan dakken, dy ûnder de subsydzje-oanfraach tydlik stillein binne om dôchs subsydzje te krijen?
    Subsydzje is inkeld en allinnich takend foar ûnderhâlds- en reparaasjewurk dat noch net útfierd is. De grûnslach dêrfoar is de Ramtsubsydzje-oardering Ynrjochting Lanlik Gebiet provinsje Fryslân 2007, kêst 5, lid 1b: ‘Of it moat wêze dat Provinsjale Steaten oars bepale, wurdt yn alle gefallen gjin subsydzje beskikber steld foar: kosten dy’t makke binne foar de befêstiging fan ûntfangst fan de oanfraach, of it moat wêze dat it giet om tarieding, planfoarming, ûndersyk of foarljochting’. Dit is yn de Regeling Dakbedekking bekend makke.

  6. Wat is jo opfetting oer it opnimmen fan in artikel yn de subsydzjebetingsten oer de ynkommensposysje fan oanfregers? Hie dit net yn de betingsten stean moatten?
    Wy binne fan betinken dat wy by it takennen fan subsydzje foar dakbedekking gjin betingsten stelle moatte dy’t ferbân hâlde mei de ynkommensposysje fan subsydzje-oanfregers. Soks is net de taak fan de provinsje. De regeling is ienfâldich en dúdlik fan opset (lean). Der binne inkeld en allinnich betingsten steld dy’t streekrjocht mei it doel fan de regeling ferbân hâlde: it stimulearjen fan it behâld fan de histoaryske ferskiningsfoarm fan pleatsen mei tradisjonele reiddekken, mei dakpannen en mei ûleboerden. Der is likemin ûnderskied makke tusken pleatsen mei in agraryske of mei in wenbestimming, yn of bûten de beboude kom ensfh.; de regeling is makke om de romtlike kwaliteit fan Fryslân te ferheegjen.

  7. Hoe geane jo om mei de konstatearring dat de provinsjale ôfdieling op de earste dei fan de iepenstelling fan de regeling foar dakbedekking telefoanysk ûnfoldwaande berikber wie?
    Op de earste dei fan it iepenstellen fan de regeling (5 novimber 2007) hat de provinsje tolve minsken ynset om tillefoanyske fragen oer de regeling te beäntwurdzjen. Der binne om-ende-by 1.600 tillefoantsjes ynkommen. Yn ‘e praktyk kin it sa west hawwe dat eigeners fan pleatsen efkes wachtsje moasten ear’t hja mei immen ferbining krigen. Dat fine wy, mei it each op it grutte tal telefoanyske fragen, akseptabel. Boppedat is yn ‘e wike foar de publikaasje it webstek al iepene en binne der earder yn dy wike al om-ende-by 600 tillefoantsjes ôfhannele. Yn dy tillefoantsjes hawwe minsken as se der om fregen ek ynformaasje krigen oer de mei yngong fan 5 novimber 2007 te iepenjen regeling.

  8. Dejinge dy’t de oanfraach persoanlik op 5 novimber of dêrnei brocht hawwe, krigen dy daliks te hearen oft harren oanfraach goed ynfolle wie en oft der in oanfolling nedich wie?
    De oanfragen dy’t de earste dei brocht binne, binne yn ‘e gauwichheid op folsleinens fan stikken neisjoen. Dat wie in stikje tsjinstferliening fan de provinsje en der is gjin útspraak dien oer de folsleinens of krektens fan de oanfraach. Wy binne fan betinken dat soks de ferantwurdlikens fan de oanfreger is en net fan de provinsje. Yn de ynformaasje dy’t wy tastjoerd hawwe en op it ynternet set hawwe is dúdlik oanjûn hokker stikken meistjoerd wurde moasten.

  9. Kloppet it dat dejinge dy’t de oanfraach op 5 of 6 novimber of dêrnei oer de post stjoerd hawwe, sa as yn de advertinsje stie, pas yn wike 49 te hearen krigen dat harren oanfraach folslein of net folslein ynfolle wie?
    Oanfragen dy’t oer de post yntsjinne binne, hawwe yn wike 49 berjocht fan ûntfangst krigen en wêr `t dat fan tapassing wie ek in fersyk om de oanfraach oan te foljen. Der wie mei in grut tal oanfragen rekken hâlden. It tal oanfragen (sa’n 500, dêrfan likernôch 400 yn ‘e earste beide dagen) wie lykwols folle mear as ferwachte wie. De provinsjale tsjinst hat de oanfragen sekuer en effisjint behannele. Troch de hege wurkdruk dy’t it gefolch wie fan it grutte tal oanfragen, wie in fersyk om oanfolling net earder mooglik. Ek de termyn om de beskikkings de doar út te krijen hat efkes langer duorre. Wij hawwe Monumintesoarch en DLG dêrby ynskeakele.
  10. Wêrom krigen dejinge dy’t de oanfraach oer de post ynlevere hawwe net de dei fan de poststimpel, te hearen oft harren oanfraach goed ynfold wie of dat der in oanfolling nedich wie neffens art. 4.5 fan de AWB?
    Sjoch ús antwurd op fraach 9.

  11. Is it kolleezje mei ús fan miening dat net yn de subsydzje feroardering stie dat dejinge dy’t it persoanlik brocht hawwe daliks de gelegenheid krigen om “de onvolledige aanvraag aan te vullen” en dat dejinge dy’t it oer de post stjoerd hawwe pas letter dy gelegenheid krije soenen?
    Yn ‘e regeling stiet neat oanjûn oer it persoanlik bringen fan in oanfraach of it oer de post yntsjinjen dêrfan. Likemin stiet yn ‘e regeling wat oanjûn oer wannear’t de oanfreger in fersyk om oanfolling fan de oanfraach krijt. In grut tal minsken hat op der op eigen inisjatyf foar keazen om de oanfraach sels nei it provinsjehûs te bringen.
    De provinsjale tsjinst hat hannele neffens kêst 4.5 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht. Dêr wurdt yn oanjûn dat it bestjoersorgaan beslute kin om de oanfraach net te behanneljen as de beskikber stelde gegevens en stikken net goed genôch binne foar de beoardieling fan de oanfraach of foar de tarieding fan de skikking, mitsdat de oanfreger de gelegenheid hân hat om de oanfraach binnen de termyn dy’t it bestjoersorgaan dêrfoar steld hat oan te foljen.
    It útgongspunt foar it opstellen fan in oardering of regeling is dat, as in betingst of bepaling al oanjûn is yn ‘e Algemiene wet bestjoersrjocht (Awb) of yn in oare oardering dy’t fan tapassing is, lykas yn dit gefal de Ramtsubsysdzje-oardering Ynrjochting Lanlik Gebiet, dat betingst of dy bepaling net nochris yn ‘e oanbelangjende nije oardering oanjûn wurdt.

  12. Is it kolleezje mei ús fan miening dat dêrtroch dejinge dy’t de oanfraach oer de post ferstjoerd hawwe automatysk in lettere datum fan binnenkomst krigen hawwe en dêrtroch minder kâns hawwe op in bydrage?
    Nee, dat binne wy net mei jo iens. De oanfragen dy’t persoanlik by de provinsje brocht binne, hawwe it poststimpel fan de dei fan bringen krigen. De oanfragen dy’t oer de post yntsjinne binne en dy’t de provinsje op 5 novimber krigen hat, hawwe allyksa it poststimpel fan 5 novimber krigen.

  13. Is it kolleezje mei ús fan miening dat der dêrtroch rjochtsûngelykheid ûntstiet tusken dejinge dy’t it brocht hawwe en dejinge dy’t it mei de post ferstjoerd hawwe? Sa ja, is it kolleezje ree om ek dejinge dy’t it oer de post stjoerd hawwe en letter, net troch harren skuld pas yn wike 49 de gelegenheid krigen ha oanfollings yn te tsjinjen, doch meilotsje te litten?
    Nee, wy binne fan betinken dat it hjir net om rjochtsûngelikensens giet. De oanfregers dy’t harren oanfraach persoanlik by de provinsje brocht hawwe, hawwe alle war dien om de oanfraach sa gau en sa folslein mooglik yn te tsjinjen. Wy hawwe de oanfragen dy’t letter noch oanfolle binne en dêrtroch net mear foar subsydzje yn ‘e beneaming komme net by it lotsjen behelle, omt it ûnderwilens folslein dúdlik wie dat der oer de beskikbere budzjetten hinne gien wurde soe.

Yntsjinners:

CDA, Fernande Teernstra
VVD, Baukje Miedema

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *