Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
20 december 2007

CDA stelt skriftlike fragen oer guozzegedoochbelied

GanzenDe slutingstermyn foar it frijwillich meidwaan oan it guozzegedoochbelied is al in moai skoft sluten. De CDA Steatefraksje Fryslân hat skriftlike fragen stelt oer de stân fan saken. 

De fragen binne rjochte oan deputearre Andriesen en binne beantwurde op 24 jannewaris 2008.

  1. De slutingstermyn foar it frijwillich meidwaan oan it guozzegedoochbelied is al in moai skoft sluten. Hoefolle grûnbehearders hawwe harren oanmelden?
    Der binne 15 agraryske oanfragers west, wêrfan 14 natuerferienigingen dy’t in oanfraach yntsjinne ha foar in guozze-oerienkomst. It totaal fan de oanfragen leit beslach op 15.621 bunder. Utgeande fan in totaal fan 29.000 bunder guozze-opfang, is dit om en de by 54% fan alle bunders.
     
  2. Hoe is dit yn fergeliking mei foargeande jierren?
    Dit is minder dan de jierren 2006 en 2007. Yn 2007 wie it persintaazje ûngefear 80% fan alle bunders. Boeren dy’t no net mei dogge bliuwe sitten yn it guozzegedoochgebiet en kinne wannear sy skea hawwe yn oanmerking komme foar skeafegoedingen út it Faunafonds.
     
  3. Wannear’t dit teloarstellend is, kinne jo oanjaan wat de reden hjirfan is en wat jo deroan dwaan sille?
    Fan ôf maaie 2007 hat de provinsje yngeand praat mei guozzeferiening dy’t swierrichheden hiene mei it guozzebelied fan 2007. Dat hie twa oarsaken: de maksimale fergoeding wie te leech en de mooglikheden fan rotaasje fan de perselen en it wikseljen fan de behearspakketten knypte. Om oplossings te bieden foar dizze swierrichheden is nei de simmer fan 2007 fia wurkgroepen en in klankboerdgroep hjiroan wurke. Yn ’e klankboerdgroep sieten fertsjinwurdigers fan de agraryske guozzeferienigingen troch hiel Nederlân, ek twa ferienigingen út Fryslân. Yn desimber wiene de wurkgroepen klear mei harren wurk. De resultaten binne foarlein oan de klankboerdgroep. Sy wienen tefreden mei it resultaat. It resultaat is dat de behearsfergoeding better oanslút op de skea fergoedings fan it Faunafonds en dat der no in maksimale frijheid jildt foar de rotaasje op bedriuwsperselen-nivo en yn de behearspakketten. No’t dizze problemen oplost binne is de ferwachting dat it dielnimmers persintaazje mei de earst folgjende iepenstelling foar guozzen wer tanimme sil.
     
  4. De minister hat it oerlis oer it Beliedskader Faunabehear fersocht, har foar 1 oktober 2007 te advisearjen oer oplossingen foar de problematyk fan de oersimmerjende guozzen. Ha jo hjir al berjocht oer hân en sa ja, wat is de útkomst hjirfan en kin de provinsje meiwurkje oan in oplossing?
    De beliedskaderpartners ha op 8 oktober 2007 it advys oersimmerjende guozzen oanbean oan de minister fan LNV. De minister hat n.o.f. it advys besletten de oersimmerjende skiere guozzen net op de lanlike frijstellingslist te setten. De minister hat de “Handreiking voor beleid ten aanzien van overzomerende ganzen” noch net fêststeld en oanbean oan de provinsjes as rjochtlinen foar oersimmerjende guozzen.
    Ynspyljend op de ferwachte rjochtlinen út de hanrikking is dit foarjier begûn mei in provinsjale wurkgroep simmerguozzen. (LTO, FBE, Faunafonds, SBB, IFG, NM, KNJV, prov. F&F,). De opset is om mei de partijen ôfspraken te meitsjen foar in spesifyk provinsjale foarm fan maat wurk om de skea te beheinen. In de rin fan 2008 sil nei ferwachting mear dúdlikheid ûntstean oer de oanpak yn ús provinsje.
     
  5. Lânlik is 80.000 ha oanwiisd foar de opfang fan guozzen. Binne de resultaten fan it evaluaasje-ûndersyk al bekend? Sa ja, hoe sjocht dat der foar Fryslân út?
    It evaluaasje ûndersyk rint trije jier, oant en mei 1 april 2008. Ein 2008 kinne de earste resultaten ferwachte wurde. De tuskenrapportaazje giet meinammen oer it earste seizoen. Foar Fryslân falt no al op dat de oanwiisde gebieten goed besocht wurde troch de guozzen, mei oare wurden, de oanwiisde gebieten lizze foar in grut part op it goeie plak.
     

Op 15 juni 2007 stelde het CDA ook al vragen over het ganzengedoogbeleid.
 

Yntsjinner 

CDA, Fernande Teernstra

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *