Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
30 januari 2009

CDA stelt skriftlike fragen oer KŻbaarder tsjerke

De kerk in Kûbaard.De Kûbaarder tsjerke moat € 60.000 kennelik tefolle ûntfongen subsydzje werom betelje. De CDA Steatefraksje Fryslân hat dêr skriftlike fragen oer stelt. 

De fragen binne rjochte oan deputearre De Vries en beantwurde op 6 maart 2009.

  1. Is der yn jo eagen tefolle subsydzje betelle foar de restauraasje fan de Herfoarmde tsjerke yn Kûbaard? Sa ‘t wij freed 23 jannewaris lêze koene yn ‘e Ljouwerter krante yn it artikel: ‘Hoeders van Kûbaarder kerk komen bedrogen uit’. 
    Ja.
     
  2. Hoe kin it dat der yn it gefal fan restauraasje fan de Kûbaarder tsjerke kennelik 60.000 Euro tefolle oan subsydzje ferstrekt is?
    Op grûn fan de Tijdelijke Regeling Restauratie-impuls Frysk Erfskip is yn 2003 op grûn fan de doedestiids bekende ynformaasje in maksimale bydrage tasein. Dizze bydrage wie basearre op de helte fan it tekoart op de subsidiabele restauraasjekosten. Dizze tasizzing is folslein útbetelle.
    By einôfrekken die bliken dat de restauraasje net allinnich € 279.150,- goedkeaper wurden is, mar dat ek de rykssubsydzje € 124.782,- heger wurden is. De tuskentiidse ferheging fan de subsidiabele restauraasjekosten hawwe wy by ôfrekken oernommen. Op grûn fan de systematyk fan de regeling wurdt ek de einôfrekken basearre op de helte fan it net troch oare subsydzjes dutsen tekoart.
  3. Hoe kin it dat pas nei oardel jier besocht wurdt om kennelik tefolle betelle subsydzje werom te foarderjen? 
    De lette ôfhandeling is spitich. It wie nedich oare prioriteiten te stellen foar it wurk. Wy hawwe yn 2008 foar it ôfhanneljen fan it Frysk Efskip tydlik personiel ynhierd.
     
  4. Hoe wurde subsydzjes foar gebouwen dy’t falle ûnder foarwaarden foar Frysk erfskip hifke? 
    Der waard hifke op grûn fan de yn de regeling neamde kriteria. It hifkjen fan oanfragen op grûn fan de Tijdelijke Regeling Restauratie-impuls Frysk Erfskip is einige yn 2003.
  5. Hoe wurde takende subsydzjes kontrolearre? 
    Op grûn fan de Tijdelijke Regeling Restauratie-impuls Frysk Erfskip en oan de hân fan in akkountentsferklearring.
     
  6. Wat is der net helder oan de subsydzjeregeling Tijdelijke Restauratie Impuls Frysk Erfskip?
    Nei ús betingst is de feroardering, dy’t fêststeld is yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan 8 novimber 2000, dúdlik.
     
  7. Hoefolle subsydzjejild is der troch de provinsje oer 2006, 2007 en 2008 ûntrjochte ferstrekt?
    De regeling wie iepensteld fan 2000 oant en mei 2003. Yn de jierren 2006, 2007 en 2008 is der gjin subsydzje mear ferstrekt op grûn fan dizze regeling.
     
  8. Hokfoar bedrach is net wer werom betelle fan ûntrjochte ferstrekte subsydzjes oer de jierren 2006, 2007 en 2008?
    Nei 2003 binne der gjin subsydzjes mear ferstrekt. Sjoch ek fraach 4.
     
  9. Wêr leit yn jo eagen de skuld as oarsaak fan kennelik in ferkearde hifking en útwurking fan de subsydzje foar de restauraasje fan de Herfoarmde tsjerke yn Kûbaard? 
    Wy folstean hjir mei de konklúzje fan de beswierskriftekommisje, dat it beswier tsjin it ferleegjen fan de subsydzje foar de tsjerke fan Kûbaard troch de kommisje oer it generaal ûnbegrûne ferklearre is.
     
  10. At der fouten makke binne en dy lizze net by de Kûbaarder frijwilligers dy’t harren mei doarpsgenoaten ynsetten ha foar de restauraasje fan harren tsjerke, mei dy frijwilligers der dan fan útgean dat hja net in foardering om ‘e earen krije?
    Wy hawwe de troch PS fêststelde regeling rjochtmjittich útfierd, sa as dat bliken docht út de konklúzje fan de beswierskriftekommisje.
     
  11. Hokfoar maatregels nimt it kolleezje om fouten mei subsydzjes yn ‘e takomst foar te kommen?
    Der wurde yn dat ferbân gjin spesjale maatregels nommen.
     
Yntsjinner CDA, Rendert Algra

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *