Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
5 februari 2009

CDA stelt op 'e nij skriftlike fragen oer opheging budzjet PSN

Bos bij AppelschaDe CDA Steatefraksje Fryslân hat op 'e nij skriftlike fragen stelt oer de opheging fan it budzjet Provinciale Subsidieregeling Natuurbeheer (PSN). Op 2 oktober 2008 stelde it CDA dêr ek al fragen oer.

De nije fragen binne rjochte oan deputearre Galema en beantwurde op 10 maart 2009.

  1. Falt de ferheging fan it subsydzjeplafond¹ ûnder in mandaatregeling? Sa ja, ûnder hokker? Sa nee, op grûn wêrfan is dan besluten?
    Yn de Provinsjale Subsydzjeregeling Natuerbehear (artikel 6) is regele dat Deputearre Steaten it foech hat subydzjeplafonds yn te stellen.
     
  2. Wolle jo dúdlik oanjaan wa’t de ekstra oanfragen yntsjinne hawwe, sa as wy earder frege ha by fraach 6?
    Yn 'e PSAN regeling is oanjûn dat datum fan yntsjinjen fan de oanfragen hanteare wurdt bij it takennen fan ‘e subsydzje. Dat betsjut dat de lêste oanfragen soargje foar de ekstra subsydzje. Tsjinst Regelingen jout oan dat de lêste oanfragen allegearre partikulieren binne. Meiïnoar hawwe der 10 oanfragen west, wêrûnder It Fryske Gea en Natuermonuminten en de rest binne partikulieren. Yn ferbân mei privacy gegevens jouwe wy de nammen fan dizze partikulieren net, ek omdat wy fan betinken binne dat nammen der net ta dogge.
     
  3. Wat is de stân fan saken oangeande it programma behear?
    Programma Behear bestiet út Agrarysk Natuerbehear en Natuerbehear. De prestaasje ôfspraken mei it ryk oer Agrarysk Natuerbehear binne realisearre. Foar Natuerbehear jildt it folgjende:
    - Partikulier Natuerbehear rint efter op it skema. Op dit stuit binnen der mei de Tsjinst Lanlik Gebiet ôfspraken makke foar in aktivere útfiering fan it Partikulier Natuerbehear om dêrmei de efterstân yn te rinnen.
    - Natuerbehear foar it Fryske Gea en Natuermonuminten leit op skema.
     
  4. Hoe komme wy wat dit beliedspunt oanbelanget út mei ús wetlike taken en prestaasje-ôfspraken, en hokker gefolgen hat de ekstra takenning foar it budzjet? Komt dit net yn ‘e knipe?
    De wetlike taken sil as gefolch fan de ekstra takenning net feroarje. Yn fraach 3 wurdt yngien op de prestaasje ôfspraken mei it ryk en fierder komt it Programma Behear budzjet net yn é knipe troch de ekstra takenning.
Yntsjinner CDA, Fernande Teernstra

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *