Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
7 april 2009

CDA stelt op 'e nij fragen oer tsjerke Kűbaard

De Kûbaarder tsjerke moat € 60.000 kennelik tefolle ûntfongen subsydzje werom betelje. De CDA Steatefraksje Fryslân hat dêr op 'e nij skriftlike fragen oer stelt. Op 30 jannewaris 2009 hie it CDA hjir ek al fragen oer stelt.

De fragen binne rjochte oan deputearre De Vries.

1. It kolleezje stelt yn har antwurden op ús eardere fragen (merkteken 00810376) oer subsydzje oan de Tsjerke fan Kûbaard, dat it spitich is dat pas yn in let stadium fêststeld is dat der jild werom foardere wurde soe. Kloppet it dat de provinsje al yn it restauraasjestadium, 2004 – 2005 op ‘e hichte wie fan it nei ferhâlding hege subsydzjebedrach?
Nee

2. At dat it gefal is, wêrom hat de provinsje dan nea oanjûn nei de ûntfangers fan it subsydzjejild, dat it foar de hân lei dat hja jild werom betelje moasten?
Op grûn fan kêst 6, ûnder f moatte oanfregers of gemachtigden Deputearre Steaten meidieling dwaan fan wizigingen yn de finansjele of oare gegevens yn it ramt fan de tsjerkerestauraasje of it project. Wy hawwe sokke gegevens net ûntfongen.

3. Troch it stellen fan oare prioriteiten is it fêststellen fan it definitive subsydzjebedrach net bard binnen de gebrûkelike perioade fan 12 wiken, mar pas nei oardel jier. Wêrom is sa let besluten om foar it ôfhanneljen fan it Frysk Erfskip tydlik personiel yn te hieren? En wat foar saken hienen hegere prioriteit dan it goed en binnen redelike terminen ôfhanneljen fan in subsydzjeregeling?
Yn it foarste plak wie de ‘gebrûkelike perioade’ net in ‘termyn fan oarder’. It earder ynhierde tydlike personiel waard ynsetten foar it binnenheljen fan ryksjild yn it ramt fan it lêste jier fan de Brrm 1997.

4. Hoefolle oare subsydzje-oanfregers ha troch it stellen fan oare prioriteiten yn de perioade 2003 – 2009, lang wachtsje moatten op definitive beslissings?
Seis oanfregers hawwe langer wachtsjen moatte.

5. De provinsje wie tige belutsen by de restauraasje fan de Tsjerke fan Kûbaard, wêrtroch der ek optimaal ynsicht wie yn boukosten en finansjele posysjes. Op wat foar manier hat de finansjele posysje fan de Tsjerke rintemasters yn Kûbaard in rol spile by it fêststellen fan it legere subsydzjebedrach?
De ûnderstelling dat ‘optimaal ynsicht wie yn de boukosten en finansjele posysje’ kloppet net. De definitive fêststelling fan de subsydzje wurdt dien op grûn fan de subsydzjeferoardering en net op grûn fan de finansjele posysje fan de oanfreger.

6. Is der nei de sinjalen út Kûbaard, dat in leger bedrach grutte gefolgen ha kin foar it behear en organisearjen fan aktiviteiten yn de Herfoarme Tsjerke, oerlis west mei de Kûbaarder fertsjintwurdigers?
Ja, der hat amtlik oerlis plak fûn.

7. Wêrom is bygelyks net yn goed oerlis in bedrach oerienkommen wer mei net allinnich de fysike staat fan de Tsjerke mar ek it gebrûk fan de Tsjerke better feilich steld wurde kinnen hie?
It beslút ta werom beteljen is mei de grutste soarch en mei sa’n positief mooglike ynstek foar de oanfregers ta stân kommen yn oerienstimming mei de feroardering. It gebrûk fan de tsjerke makket gjin diel út fan beoardieling fan de definitive fêststelling fan de subsydzje.

8. Wurdt der bij it ferstrekken fan subsydzjes troch de provinsje rekken hâlden mei de gefolgen?
De oanfregers binne sels ferantwurdlik foar de oanfraach en fan it neikommen fan de ferplichtings dy ’t der út folgje.

9. Kloppet it dat de kommisje fan beswier en berop der yn har harksitting op wiisd hat, dat op grûn fan de regeling foar it Frysk Erfskip weromfoardering fan jild in saneamde ‘kin’ bepaling is yn de regeling?
Ja, de kommisje hat der op wiisd dat kêst 8 dat giet oer it werom lûken fan de ferliening fan subsydzje een ‘kin-bepaling’ befettet.

10. Wêrom hat it kolleezje yn har nije fêststelling fan it werom te foarderjen bedrach, gjin rekken hâlden mei dizze hint fan de kommisje beswier en berop?
It beslút ta it weromfarderjen is nommen yn oerienstemming mei it advys fan de kommisje dat it beswierskrift net begrûne wie. De ôfrekken [en dêr ut folgjende weromfoarderjen] is basearre op kêst 9. Dat befettet gjin ‘kin-bepaling’.

11. Kin de legere fêststelling fan de subsydzje oan de Kûbaarder Tsjerke betsjutte dat de restauraasje goed slagge is mar dat de pasjent, in lytse Kûbaarder Tsjerke mienskip, yn ‘e finansjele problemen komt?
De ferantwurdlikens foar de finansjele situaasje fan de Kûbaarder Tsjerke Mienskip leit by harsels en net by de provinsje.

12. Is it kolleezje ree om mei de Kûbaarder fertsjintwurdigers om ‘e tafel te gean en mooglikheden te besjen, wêrûnder bygelyks in fêststelling fan in leger werom te beteljen subsydzje bedrach, dy’t it aktyf yn gebrûk hâlden fan de Herfoarme Tsjerke fan Kûbaard befoarderje kinne?
Ja, dat petear hat plakfûn op 19 maaie 2009

13. Op hokker wize kin maatwurk yn dit konkrete gefal, we ha it oer in subsydzjeregeling út de perioade 2000 – 2003, in presedintwurking ha?
Maatwurk hat yn dizze spesifieke regeling gjin presedintwurking. De regeling is sluten

14. Koartom; sjocht it kolleezje mooglikheden om dit sturtsje fan de regeling Restauratie-impuls Frysk Erfskip sûnder slepende rjochtsaken op in foar alle partijen akseptabele manier ôf te hanneljen?

Wy hawwe de Kûbaarder Tsjerke Mienskip in útstel dien.

Mear ynformaasje:

Rendert Algra, wurdfierder CDA Steatefraksje Fryslân

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *