Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
7 mei 2009

CDA stelt skriftlike fragen oer subsydzje kommersjele feesten

De CDA Steatefraksje Fryslân hat skriftlike fragen stelt oer subsydzje foar in estafette fan feesten by de âlve stêden lâns. De fragen binne rjochte oan deputearre De Vries en binne as folget:

  1. Is it kolleezje op ‘e hichte fan de finansjele soargen by de organisaasje fan in estafette fan feesten by de âlve stêden lâns?
    Ja.

  2. Hat de provinsje in reguliere subsydzje ferliend foar dizze rige fan feesten en sa ja, op grûn fan hokker belied?
    Op 12 maaie 2009 hawwe wy besletten in bydrage te ferlienen út it de jilden foar it PMJP en Toeristyske Topattraksje.

  3. Op hokfoar manier binne der troch de provinsje tasizzings dien op it mêd fan in foarm fan garantstelling as der finansjele swierrichheden komme by it optúgjen fan dizze feesten?
    Wy hawwe okkerdeis allinnich in garantstelling fan € 100.000,- dien foar de konserttoer fan Syb van der Ploeg cs. Dizze garantstelling wurdt effektuearre mei ús beslút fan 12 maaie 2009.

  4. Sjocht it kolleezje dizze feesten as kommersjele feestlike gearkomsten of binne der bysûndere kulturele aspekten oan ferbûn?
    Wy beskôgje dit as barrens mei in kulturele ynstek en as bydrage oan de leefberens fan de ferskate plakken en omkriten en foar it fergrutsjen fan de toeristyske attraktiviteit fan de 11 stêden

  5. Wat sil it kolleezje dwaan as de feesten te meitsjen krije mei finansjele tsjinslach?
    Wy gean der fan út dat der gjin fierdere finansjele tsjinslach komt. Foar de rest leit it risiko by de inisjatyfnimmers.

  6. Wat is de totale begrutting fan dizze feesten?
    De totale kosten fan de feesten binne rûsd op € 1.275.951,-.

  7. Is it kolleezje fan miening dat de provinsje opdraaie moat foar de bedriuwsrisiko’s fan kommersjele organisaasjes?
    Nee.

Mear ynformaasje:

Rendert Algra, wurdfierder CDA Steatefraksje Fryslân

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *