Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
29 september 2009

CDA stelt fragen oer draachflak Natura 2000

De Rottige Meenthe, een van de Natura 2000 gebiedenIt CDA hat skriftlike fragen steld oer de wize wêrop draachflak foar de Natura 2000 kreëarre wurdt, nei oanlieding fan in brief van VNO/NCW Noord en MKB Noord.

De fragen binne steld oan deputearre Konst en beantwurde op 15 oktober 2009.

  1. Kinne jo it brief fan VNO/NCW Noord en MKB Noord fan 24 septimber 2009, oer harren belutsenheid by de behearplannen foar Natura 2000 gebieten?
    Ja.

  2. Kloppet it sizzen fan VNO/NCW Friesland, dat hja nettsjinsteande in protte tasizzings troch it kolleezje, net belutsen binne by it model fan ynspraak? Sa nee, wêrom net?
    Nee. Yn 2008 is bestjoerlik tasein dat VNO/NCW útnoege is om diel te nimmen yn de gebietsprosessen. Letter hat bliken dien dat ús opset mei in proses yn elts gebiet apart, net past by it regionaal operearjen fan VNO/NCW. Derfandinne is mei VNO/NCW ferline jier oanfoljende ôfspraken makke oer de wize werop’t hja betlutsen wurde by it behearplanproses. Hja wurde op ‘e hichte halden mei nijsbrieven en der is ôfpraten dat sadree’t de behearplannen konkreet wurde der ferfolchoerlis oer de ynhâld fierd wurde sil, spesjaal mei VNO NCW. Op dit stuit is dat momint foar gjin fan de behearplannen al oan de oarder.

  3. Kloppet it sizzen fan VNO/NCW Friesland dat der gjin advysoanfraach nei it ministearje stjoerd wurde soe, sûnder ynsjoch en ynspraak fan VNO/NCW yn de konsepten? Sa nee, wêrom net?
    Dizze tasizzing is ús net bekind, of it moat gean oer wat by punt 2 stiet.

  4. Wat is de wurkwize fan it kolleezje by de opstelling fan advizen rjochting ministearje, oangeande it ynsjoch en ynspraak jaan fan tredden? Hokker partijen wurde dêrby belutsen en heard?
    Foar elts behearplangebiet wurdt neffens it plan fan oanpak mei de streek de belutsenheid fan alle partijen festlein. Alle ynteressearre partijen kinne meiprate yn it gebietsproses. Dit bart ek hiel faak troch de lânbou, de rekreaasjesektor, mar bygelyks ek reitsnijers en YWC’s dogge mei. Dernjonken is yn alle prosessen fersjoen yn meardere iepenbiere ynformaasjejûnen. Oer de oanpak hawwe wy jimme Steaten by it begjin fan it behearplanproses ynformearre.

  5. Is DS mei it CDA fan miening dat it draachflak fan de Natura 2000 plannen sa breed mooglik wêze moat en dat it bedriuwslibben hjir in wichtich ûnderdiel fan útmakket?
    Ja. Wy fine it tige spitich dat der by VNO NCW ûndúdlikens is oer ús opset, hoewol’t der op ferskate mominten itsei bestjoerlik itsei amtlik kontakt west hat. Ek yn oare provinsje yn YPO-ferbân is wat fernuvere reagearre op gelikense brieven.

  6. Wat fine jo fan it sinjaal dat fan it brief útgiet, dat it ferbreedzjen fan it draachflak noch dúdlik ferbettere wurde moat?
    De troch ús kolleezje folge oanpak is rjochte op in breed draachflak. Wy hawwe gjin signalen út de gebieten wei dat dizze oanpak net foldocht.

  7. Wat fine jo fan it sizzen dat de toetsing fan de behearplannen op sosjaal en ekonomyske gefolgen, op ûndúdlike manier stal jûn wurdt? Hoe fynt dy toetsing plak?
    De toetsing fan de útstelde maatregels fan it behearplan en de easken dy’t de natuerwearden stelle oan it gebrûk yn en om it Natura2000-gebiet is eksplisiet diel fan it proses. De gefolgen wurde dúdlik oanjûn. It is korrekt, as sein wurdt dat wer’t der gjin gefolgen binne foar bygelyks omlizzende bedriuwen dat minder dúdlik oan bar komt yn it behearplan. Yn oerlis mei VNO NCW, it MKB en de Keamer fan Keaphannel is ôfpraat dat wy ek eksplisiet oanjaan sille wêr’t gjin gefolgen binne. Wy sille dêr de kommende perioade mei dizze organisaasjes gearwurkje om it klear te krijen.

Mear ynformaasje:

Fernande Teernstra, wurdfierder. T. 06 - 24 73 90 33

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *