Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
14 juli 2009

CDA stelt vragen over het project Wyldemerk

De CDA Statenfractie heeft schriftelijke vragen gesteld over het project Wyldemerk. De vragen zijn gericht aan gedeputeerde Schokker en zijn beantwoord op 9 september 2009. De vragen luiden als volgt:
  1. Sjocht it Kolleezje noch mooglikheden om it projekt Wyldemerk troch te setten?
  2. At it projekt net trochsetten wurdt, hoe wurdt der dan foar soarge dat de learlingen in ferantwurde ferfolchtrajekt oanbean krije?
  3. Binne der neist de finansjele swierrichheden noch oare oarsaken foar it stopjen fan Wyldemerk?
  4. Op wat foar manier binne saken bij it úteinsetten fan Wyldemerk te optimistysk delsetten?
  5. Hie de Provinsje reedliker wize knipepunten op it mêd fan finansiering en oare ynhâldlike aspekten foarkomme kinnen?
CDA, Rendert Algra



De vragen zijn beantwoord op 9 september 2009:


Achte leden fan Provinsjale Steaten,

Lykas jim al witte is yn 2008 de libbens- en learmienskip Wyldemerk yn Harich úteinset. As ‘kampus Wyldemerk’ is it ien fan de njoggen nasjonale proefprojekten dêr’t it programministearje foar Jeugd en Gesin eksploitaasjejild foar beskikber steld hat om foar te kommen dat learlingen foar de tiid fan skoalle ôf geane. De provinsje hat doe yn ferbân mei de ynvestearringskosten jild beskikber steld, soks mei it perspektyf fan wurkgelegenheid.

Yn ús brief fan 26 maaie lêstlyn, ferstjoerd nei oanlieding fan de fragen dy’t de hear Kramer fan de FNP steld hat, hawwe wy jim op ‘e hichte steld fan de oarsaken dy’t, sa’t wy begrepen hawwe, ta de finansjele swierrichheden by kampus Wyldemerk laat hawwe.

Op 14 july 2009 (merkteken 840115) hat de hear Algra fan it CDA skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan DS nei oanlieding fan de swierrichheden by kampus Wyldemerk. Yn dizze brief wolle wy jim op ‘e hichte bringe fan de lêste ûntjouwings by kampus Wyldemerk. Dêrby sille wy de fragen fan de hear Algra ek beäntwurdzje.

Alle njoggen kampussen yn Nederlân, wêrûnder kampus Wyldemerk, hawwe foar de pilotperioade € 2.000.000,- krigen foar de eksploitaasje. Nei oanlieding fan de finansjele swierrichheden by kampus Wyldemerk, dêr’t de provinsje ein maart dit jier fan op ‘e hichte brocht is, hat it bestjoer fan Wyldemerk it programministearje foar Jeugd en Gesin om in oanfoljende subsydzje fan € 560.000,- frege. Twa konsept-ynspeksjerapporten, ien fan it ministearje fan Jeugd en Gesin en ien fan it ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskippen, dêr’t yn oanjûn stiet dat kampus Wyldemerk in tal saken (noch) net foarinoar hat, hawwe derta bydroegen dat it ministearje net ree is om foar de perioade fan it proefprojekt, dy’t oant 1 jannewaris 2010 rint, ekstra middels beskikber te stellen.

De ôfrûne moannen hat it bestjoer fan kampus Wyldemerk bestege oan it útwurkjen fan ferskate senario’s, ûnder oare it stilsetten fan de kampus nei it skoaljier 2008/2009, mar ek it oangean fan mooglike gearwurkingsferbannen mei oare soarch- en ûnderwiisynstellings en/of gemeenten yn it lân. Direksje en bestjoer hawwe dy senario’s 13 augustus lêstlyn oan it personiel fan kampus Wyldemerk, de learlingen en harren âlden foarlein. Ûnder oare op grûn fan ien fan de senario’s, te witten ‘it ynkeapjen fan plakken’ troch tredden (soarch- en ûnderwiisynstellings en/of gemeenten) en it tal learlingen mei in yndikaasje foar spesjaal ûnderwiis, dat op 1 oktober e.k. (teldatum ûnderwiis) ferwachte wurde kin, hat it bestjoer fan de kampus Wyldemerk op 28 augustus lêstlyn besletten om, foarearst oant 1 desimber 2009, mei it proefprojekt fierder te gean. It bestjoer ferwachtet dat troch it grut tal learlingen dat op 1 oktober yndisearre wêze sil foar spesjaal ûnderwiis de finansiering oant 1 desimber rûn krije te kinnen.

Direksje en bestjoer fan kampus Wyldemerk sille yn ‘e perioade oant 1 desimber ûndersykje oft kampus Wyldemerk de eigen finansiering struktureel slutend krije kin troch mei gemeenten (ek fan bûten ús provinsje), soarchynstellings -oanbieders en ûnderwiisynstellings kontrakten te sluten dy’t it ynkeapjen fan plakken garandearje moatte.

Ûnderwilens wurket de direksje fan kampus Wyldemerk oan de punten fan krityk yn de ferskynde ynspeksjerapporten. Yn novimber sille de ynspekteurs kampus Wyldemerk nochris besykje. Harren konklúzjes sille fan belang wêze foar de hifking fan de kampus yn 2010 troch it Ryk.

Foar de provinsje is it foar it beskikber stellen fan jild foar de neikommende faze wichtich dat de strukturele finansiering folslein slutend is, soks neffens ús beskikking. Dat hawwe wy it bestjoer fan Wyldemerk nochris by brief (fan 16 april 2009, merkteken 00823150) witte litten.

Mocht it projekt nei de proeffaze dochs noch beëinige wurde, dan sil it bestjoer fan Wyldemerk alle war dwaan om de jongerein by ûnderwiisynstellings yn de eigen wenkrite ûnder te bringen.

Yn ferbân mei de fragen ‘Hoe kinne saken by it úteinsetten fan Wyldemerk te optimistysk ‘delsetten’ wêze’ en ‘Hie de provinsje ridlikerwize knyppunten op it mêd fan finansiering en oare ynhâldlike aspekten foarkomme kinnen’ wolle wy it neikommende graach nei foaren bringe.

It inisjatyf Wyldemerk is as proefprojekt opsetten. It bestjoer fan Wyldemerk hat op grûn fan petearen mei de ministearjes fan Jeugd en Gesin en fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskippen in slutende eksploitaasjebegrutting opsteld, folslein troch dy ministearjes bekostige. Nei ûntfangst fan de beskikking fan it ministearje fan Jeugd en Gesin fan 9 july 2007, slaande op de proefperioade, hawwe wy provinsjaal jild beskikber steld.

Ût de definitive beskikking fan it ministearje fanÛnderwiis, Kultuer en Wittenskippen fan 10 septimber 2008 die bliken dat der gjin oanfoljende middels beskikber steld wurde foar jongerein sûnder yndikaasje foar soarch en begelieding. It bestjoer fan Wyldemerk wie dêr wol fan útgien op grûn fan eardere petearen mei de ministearjes yn 2007 en hie om dy reden de eigen eksploitaasjebegrutting dêrop basearre. It measte part fan de jongerein op kampus Wyldemerk hat no gjin yndikaasje. Soks ek neffens ôfspraken dy’t mei de gemeente Gaasterlân-Sleat makke binne. It ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskippen jout oan dat it bestjoer fan Wyldemerk der by it úteinsetten fan it proefprojekt wol op wiisd is dat jongerein mei in yndikaasje talitten wurde moat, as it hawwe wol dat foar dy jongerein oer de ekstra middels foar soarch en begelieding beskikt wurde kin (ZMOK-jild).

Sa as oanjûn: de provinsjale middels binne beskikber steld op grûn fan in slutende begrutting dy’t it bestjoer by ús en by de ministearjes fan Jeugd en Gesin en fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskippen yntsjinne hat. It provinsjale risiko is beheind troch it twadde part fan it provinsjaal subsydzje, bedoeld as bydrage yn de ynvesteringskosten, allinnich beskikber te stellen as Wyldemerk foar de fierdere faze in folsleine, strukturele dekking fan de eksploitaasjebegrutting oerlizze kin.

Ûnder it al ûtkearde part leit ek noch it rjocht fan twadde hypteek op de grûn fan Wyldemerk by de provinsje.

As it bestjoer fan kampus Wyldemerk de strukturele finansiering foar de fierdere faze folslein slutend krije kin, sadat der in langjierrich perspektyf ûntstiet, op de besteande doelgroep ôfstimd (dy’t wol in yndikaasje hawwe moat), binne wy fan betinken dat de oarspronklike reden fan de provinsje om oan kampus Wyldemerk jild beskikber te stellen, nammentlik mei it perspektyf fan de wurkgelegenheid, oerein bliuwt. Slagget it bestjoer fan kampus Wyldemerk der net yn om de strukturele finansiering foar de fierdere faze folslein slutend te krijen, dan ûntstiet in nije sitewaasje, dy’t wy oan jo foarlizze sille.

Mei rju achtinge,
Deputearre Steaten fan Fryslân

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *