Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
14 juli 2009

CDA stelt ferfolchfragen oer subsydzje kommersjele feesten

De CDA Steatefraksje Fryslân hat skriftlike ferfolch fragen stelt oer subsydzje foar in estafette fan feesten by de âlve stêden lâns.

Yn maaie 2009 hie it CDA hjir ek al fragen oer stelt. De nije fragen binne rjochte oan deputearre De Vries en beantwurde op 16 septimber 2009.


  1. Wat binne de krekte ôfwagings om in bydrage te ferlienen foar de Fryske Alve Stêden? Wêrom jild út de posten PMJP en Toeristysk topattraksjes, wat wie de formulearring fan de oanfraach en wat hawwe yn ‘e tiid de stappen en oerwegings fan it Kolleezje west dy’t laat ha ta dizze subsydzje?
    Wy fine it wichtich om in finansjele bydrage te jaan fanwegen:
    - it jubileum fan in provinsjale feriening fan kwizekwânsje;
    - it belang fan de 11 stêdetocht foar Fryslân;
    - sawol foar de eigen befolking; mar ek foar har besikers.
    - it publisitêre belang (alle lanlike media hawwe wiidweidich oandacht oan dit jubileum bestege, dat hat mear oplevere as hokker pr kampanje ek, sûnder dat it in sint koste hat.

    It soe sa mar kinne dat de grutte tanamme fan it tal toeristen dit jier yn Fryslân ek troch de media oandacht foar de 11 stêdetocht kommen is. Fan út dizze oerwagings is jild út it PMJP en Toeristyske Topattraksjes helle, omdat it foldocht oan de kritearia fan dizze regelingen. Mei de organisaasje wiene yn 2008 ôfspraken makke oer de taakferdieling en in oanfraach foar in finansjele bydrage. Koartsein: it offisjele jubileum is foar rekken fan de Feriening De Friesche Elf steden, der komt gjin bydrage foar TV útstjoerings (de NOS hat op eigen kosten 1,5 oere TV bestege oan it jubileum) en de provinsjale bydrage komt foar de feesten yn de 11 stêden.

  2. Wêrom hawwe de Steaten, yn tsjinstelling ta bygelyks it ekstra jild beskikber stellen foar iepenloftspullen, net belutsen west by de ôfwaging om in garantstelling fan € 100.000,- ta te sizzen? Mei de tarieding fan dizze feesten hat en neffens de media 2 jier dwaande west, wat makke dizze subsydzje oanfraach sa bysûnder dat wy as Steaten sels net ynformearre binne?
    Der is in maksimale subsydzje ôfpraat. Fan de sirka 5000 subsydzjeoanfragen dy ‘t jierliks by de provinsje ynkommen, wurde sawat alle oanfragen behannele binnen de juridyske subsydzjeregelingen en budzjetten dy ‘t de Steaten fêststeld hawwe. Dat is no ek bard.

  3. Yn antwurd op eardere fragen wurdt oanjûn dat de garantstelling fan de provinsje ûnderdiel is fan in totale begrutting fan € 1.75.951,- De LC rept oer in totaal bedrach fan € 400.000,-. Hoe ferhâlde de bedraggen har ta inoar en hoefolle hat, as sil de provinsje bydrage oan al de aktiviteiten dy ‘t te krijen ha mei it 100 jier 11-stêdentocht jubileum en út watfoar budzjetten wurde dy bydragen betelle?
    De beskikking praat fan in maksimaal subsydzje. Dat betsjut dat de oanfrager by ôfrekken d6udlik meitsje moat dat er it folsleine bedrach fanneden hat. Oars wurdt de subsydzje ferlege. Yn dy kinne ús subsydzjes sjoen wurde as garânsjesubsydzjes.

    Yn totaal wurdt oan de aktiviteiten in subsydzje jûn fan:
    - € 171.500,- fan út it PMJP foar de 11 feesten yn de 11 stêden;
    - € 130.000,- foar de iepenloftkonserten fan Syb van der Ploeg cs. yn de 11 stêden;
    -€15.000,- foar de organisaasje yn 2008 fan út it SEB Budzjet 2008.
    De totale provinsjale bydrage oer beide jierren is € 316.500,-. Dit bedrach sil ferantwurdzje wurde yn de twadde BERAP 2009.

  4. Wannear is yn it Kolleezje besletten om akkoart te gean mei in garantstelling, wat wie de ôfwaging om te kiezen foar in garantstelling en hoe grut waard it risiko ynskatten dat de garantstelling ek oansprutsen wurde moast?
    Sjoch by Fraach 3 oer de status fan de subsydzjebeskikking. Op 27 april 2009 is de subsydzje oanfraach ynkommen fan de 9 gemeenten en dy is behannele op 12 maaie 2009 yn ús kolleezje.

  5. Wêrtroch moast al sa gau nei de start fan it projekt de garantstelling oansprutsen wurde, wie de begrutting net solide en is er troch Provinsje of organisaasje fan de feesten noch praat fan foarderingen op oaren dy ‘t jild tasein hienen foar dit projekt? Stiet de provinsje ek oan de latte at de feesten om finansjele redenen net ôfmakke wurde kinne?
    It probleem fan de organisaasje wie it tebekrinnen fan de mooglikheden om sponsors binnen te heljen foar dit feest troch de ekonomyske delgong. Doe ‘t dat dúdlik waard, hawwe de belutsen organisaasjes en ek kolleezje leden dwaande west om sponsors binnen te heljen. Wy hawwe gjin garânsjes ôfjûn en stean dus allinnich foar it maksimale subsydzjebedrach oan de latte.

  6. Hokker garantstellingen binne der troch it Kolleezje de lêste twa jier noch mear ôfjûn, at binne de kritearia om garantstellingen ôf te jaan en op hokker manier sil it Kolleezje yn de takomst omgean mei oanfragen foar garantstellingen?
    Yn 1993 hawwe Provinsjale Steaten prinsipebesluten nommen oer de provinsjale subsydzjes. Doetiids hawwe wy besletten om yn pinsipe net te wurkjen mei garânsjestellingen, ek fanwegen it feit dat dan it totale bedrach yn ús begrutting opnommen wurde moat. Wy wurkje allinnich mei ynsidintele en strukturele subsydzjes. Wy sille dus ek yn de takomst net sûnder in beslút fan provinsjale Steaten yngean op oanfragen foar garânsjestellingen. Neffens ús hat it lêste PS beslút oer in yndividuele garantstelling west yn 1982.
CDA, Rendert Algra

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *