Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
31 augustus 2009

CDA stelt fragen oer ynrjochting Hisse- en Pikemar

De CDA Steatefraksje hat skriftlike fragen stelt oer de ynrjochting fan de Hisse- en Pikemar.

De fragen binne rjochte oan deputearre Konst en beantwurde op 1 oktober 2009.




  1. Binne jo op de hichte fan de natoerynrjochtingsplannen yn de gemeente Wymbritseradiel, sa as mei de lannen om de Hisse- en Piekemar hinne?
    Ja.

  2. Hoe binne dizze plannen ta stân kaam, ûnder rezjy fan de provinsje of fan SBB en wannear binne dy fêststeld?
    Dizze plannen binne troch it Staatsbosbeheer, eigner en behearder ûntwikkele. It provinsjaal beliedsplan ‘De Zuidwesthoek’ (17 septimber 2002) is hjirby paadwizer west. Dit plan is dêrnei troch it yngenieursburo Arcadis yn in bestek ferwurke, wêrnei oanbesteging en gunning plakfûn hawwe.

  3. Wat fine jo fan de efterlizzende gedachte fan dizze plannen, dy’t bedoeld binne om de greidefûgelstân te ferbetterjen, mar dat der just maatregels naam wurde dy’t ferrûging (grutte reitfjilden) en ferwieting ta resultaat hawwe?
    De efterlizzende gedachte fan dizze plannen is foar in part it ferbetterjen fan de greidfûgelstân, foar in oar part ferwieting. It noardlik part wurdt optimaal foar greidfûgels ynrjochten.
    Tusken de Hisse- en Piekemar en it spoar is it doel ferwieting, of mei oare wurden: in botanyske doelstelling rjochten op swietwettermienskip, reiden en rûchte. Fierders bliuwt yn it súdlike part, mei nammen op de hegere dielen yn de eastlike perselen, romte foar de mear ‘krityske’ greidfûgels.

  4. Bliuwt it neffens jo lân dat geskikt is foar greidefûgels en sil dêrfoar ûnderhâlden wurde?
    It gebiet noardlik fan de Hisse- en Piekemar wurdt optimaal foar greidfûgels ynrjochten. Dit greidfûgelgebiet is sirka 15 ha grutter as it gebietsplan oanjout om’t dêr gjin sompefoarming mear plakfynt sa as oarspronklik de bedoeling wie.
    It súdlike gebiet sil as gefolch fan ferwieting minder oan’t hast net mear gaadlik wêze as greidfûgelgebiet útsein it eastlike part. Behear primêr oarnearre foar greidfûgels is hjir dêrom net oan’e oarder, mar krityske soarten sille benammen yn it eastlike part wol meiliftsje.

  5. Binne jo mei it CDA fan miening dat “plas dras”gebieten en reidfjilden in grut negatyf effekt hawwe sille op de greidefûgelstân yn dat gebiet, trochdat de libbensomjouwing foar de greidefûgels ferdwynt en de libbensomjouwing fan de predatoren just ferbettere wurdt? Sa nee, wêrom net?
    It wietermeitsje sil ta gefolch hawwe dat it gebiet minder oan’t hast net gaadlik mear is foar briedsjende greidfûgels. De kans op predaasje (foks en rôffûgels) sil tanimme.
    Fierder sil it tanimmen fan de rûchte de libbensomkriten fan de greidfûgels net begeunstigje. Dêr tsjinoer stiet dat it splis stean fan it lân in grutte oanlûkingskrêft hat op steltrinners for it pleisterjen en foerazjeren. Dat kin liede ta bettere briedresultaten yn de omkriten hjir by om.

  6. Binne jo mei it CDA fan miening dat it opjaan fan suksesfol greidefûgellân net in oerstimming is mei de provinsjale doelstelling om de tabekrinnende fûgelstân te helpen en te rêden? Sa nee, wêrom net?
    It giet hjir yn it foarste plak om in matig oan’t goed greidfûgelgebiet wat as gefolch fan lykwols troch de lizzing tusken it spoar en marren mei reidoevers al net optimaal is foar greidfûgels.
    Op it twadde plak is al yn de Nota Natuurbeheer (1998) hjir in kar makke foar sompefoarming, letter fêstlein yn it gebietsplan. Hjirfoar binne de dêrfoar needsaaklike prosedueres folge. It fersterkjen fan de karakteristyke wearden fan it marregebiet wie dêrfoar de reden. De wizige ynsichten en it omtinken foar greidfûgels hawwe fierderop yn de tiid soarge foar in grutter oandiel greidfûgeldoelen yn it gebiet. Dit hoecht net ta skea fan oare natoerdoelen te wezen. Fryslân hat oare ferantwurdlikheden as greidfûgels allinnich.

  7. Op grûn fan hokker belied wurde dizze plannen útfierd en foldogge se aon de aktuele ynsjoggen wat greidefûgels oanbelanget?
    Op grûn fan de ôfspraken mei it Ryk wurde de EHS gebieten ynrjochten konfoarm de gebietsplannen. Ien fan de provinsjale taken is derfoar te soargjen dat dizze ôfspraken neikommen wurde. Foartrêdzjend ynsjoch hat laat ta in tuskentiedske oanpassing fan de plannen yn it foardiel fan de greidfûgels.

  8. Wat is jo miening oer it feit dat it lân dat oanwiisd is as guozzefoerazjeargebiet dêr no troch de foarnommen maatregels ûngeskikt foar makke wurd, sadat guozzeproblematyk troch de te nimmen maatregels allinnich mar grutter wurde kin (de guozzen dy’t útwike nei de omlizzende stikken lân)? Yn hoefier komt it oerien mei de gebietsplannen?
    Bedoeld gebiet leit yn it guozzefoerazjeergebiet fan in agraryske natoerferiening. Troch de omfoarming nei sompe wurdt it gebiet mei sirka 40 ha ferlytse. Dit is tastien mar it Staatsbosbeheer moat dan binnen harren eigendom op in oar plak kompensaasje regelje. Dit is komfoarm de lânlike ôfspraken mei de terreinbehearjende organisaasjes hoe te hanneljen yn ditsoarte sitewaasjes. It docht bliken dat SBB mear hektares foerazjeergebieten hat as sy ferplichte is en dêrom hoecht sy yn dit gefal gjin kompensaasje te regeljen.

  9. Wat fine jo fan it feit dat it animo om agrarysk natuerbehear te dwaan, no ûnder de boeren (yn elts gefal yn de omkriten) bot ôfnimt?
    It soe skande wêze as it animo as gefolch fan de plannen ôfnimme soe. It is te begripen dat de negative ynfloeden opmurken wurde. It is in ekstra reden om no oparbeidzjend mei bygelyks SBB en de wyldbehearsienheid te prebearjen de negative ynfloeden yn byld te krijen en adekwaat oan te pakken. Troch dizze oanpak kin beletten wurde dat it animo foar agrarysk natoerbehear tige ôfnimt

  10. Hoe wol de provinsje al dizze negative effecten keare?
    Rekkenjend mei de ferskate nei te stribjen doelen wurde de negative effekten sa goed mooglik yn byld brocht en dêrnei wurdt bepaald en fêstlein hoe dizze effekten adekwaat oanpakt wurde sille. It bliuwt passe en mjitte.
CDA, Fernande Teernstra

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *