Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
7 januari 2010

CDA stelt vragen over toestemming voor extra zoutwinning

Frisia Zout


De minister van Economische Zaken heeft vandaag besloten om Frisia Zout toestemming te verlenen voor de winning van 100.000 ton extra zout uit de bodem bij Franeker. De CDA Statenfractie heeft hier schriftelijke vragen over gesteld. "We willen graag weten hoe deze toestemming in verhouding staat met de bestaande afspraken," aldus CDA woordvoerder Henk van der Veen.

De vragen zijn gesteld aan gedeputeerde Galema en zijn beantwoord op 9 februari 2010. 
  1. De minister fan Ekonomyske Saken hat hjoed besluten om tastimming te ferlienen foar 100.000 ton ekstra sâltwinning yn Barradiel, op fersyk fan Rykswettersteat. Hat de minister hjir oerlis oer hân mei de provinsje Fryslân?
    Der hat summier kontakt west mei de provinsje Fryslân. It gie lykwols om in tige beheind kontakt en winliken om it meidielen fan it beslút.
  2. Wat hat it advys en stânpunt west fan de provinsje?
    Us stânpunt yn dat koarte kontakt hat west dat wannear’t de gunning fan it ekstra sâlt paste yn de hjoeddeistige fergunning fan Frisia Zout net tsjin te hâlden wie.
  3. Past dizze “needmaatregel” binnen de besteande fergunnings en ôfspraken?
    Nee, nei ús miening net, de besteande fergunning moat oanpast wurde om de ekstra winning mooglik te meitsjen. Ek die de minister de Twadde Keamer yn juni 2009 te witten dat it beslút op it fersyk fan Frisia Zout foar ekstra winnen út Bas 1 oanhâlden wurde soe oant Frisia Zout mei in taljochting komme soe, dêr’t in twingende ekonomyske needsaak foar de ekstra winning út blike soe, wêrnei’t dy needsaak op basis fan dy taljochting troch de minister dan ek noch erkend wurde moatte soe. De minister fan Ekonomyske Saken jout yn har brief oan de Twadde Keamer fan 29 jannewaris 2010 oan dat hja har tastimming foar it ekstra winnen no jûn hat op in mei klam dien fersyk fan Rykswettersteat.
  4. As de fergunning de winning no al tastiet, wat is dan de reden om dochs in needmaatregel ta te stean?
    Sjoch antwurd op fraach 3.
  5. Binne der ekstra garânsjes ôfjûn as bliken docht dat de gefolgen hjirtroch oars binne as no foarsjoen?
    Nee, der binne gjin ekstra garânsjes ôfjûn neffens in wurdfierder fan it ministearje fan ES.
  6. Wat de provinsje oerlis mei Rykswettersteat oer dit soarte fan saken en binne jo mei ús fan miening dat hja wat dit oanbelanget better op harren taak taret wêze moatte?
    Neffens de berjochten spile it sâlttekoart op lanlik nivo. Wy hawwe hjiroer mei RWS op lanlik nivo gjin kontakt han. Yn Noard-Nederlân bestiet nau kontakt oer it struien fan sâlt en is der in goed gearwurking mei de tjinst Noard-Nederlân fan RWS en ús ôfdieling Behear en Ûnderhâld. Oer de tarieding fan RWS op dizze winterperioade hawwe wy fierder gjin miening.

Meer informatie:

Henk van der Veen, woordvoerder CDA Statenfractie Fryslân, T. 06-53932583

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *