Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
28 maart 2012

CDA stelt fragen oer Frysk Museum

Op 8 novimber 2006 binne Provinsjale Steaten fan Fryslân ûnder strange betingsten akkoart gien mei de ferhuzing fan it Fries Museum nei It Saailân, nei’t yn maart 2006 ek al strange betingsten steld wienen oan de finansjele bydrage fan de provinsje.

It CDA stiet posityf ten oansjen fan it nije Fries Museum en harren wearde foar de Fryske kultuer mar hat nei oanlieding fan de wurkbesite oan it nije Fries Museum op 28 maart 2012, lykwols in pear fragen. 

De fragen binne stelt oan deputearre De Vries en beantwurde op 25 april 2012:
  1. Troch de minsken fan it Fries Museum is sein dat foar de eksploitaasje fan grutte tentoanstellings/blockbusters, sjoen wurde sil mei de provinsje hoe’t soks bekostige wurde sil. Wat fynt it kolleezje fan dizze opmerking yn it ljocht fan it steatebeslút fan novimber 2005 dat needsaaklike mearynkomsten foar sokke tentoanstellings, falle ûnder de eigen (finansjele) ferantwurdlikens fan it Fries Museum?
    Wy binne altyd bliid dat der mei ús oerlein wurdt oer de kosten en opbringsten fan grutte tentoanstellings. It organisearjen fan tentoanstellings is lykwols in saak fan it Fries Museum sels. Foarhinne koene se foar tentoanstellings ek altyd gebrûk meitsje fan de provinsjale regeling Eksposysjes musea. Dizze regeling is troch PS fuort besunige.Der binne yndie yn 2005 en 2006 dúdlike ôfspraken makke mei it Fries Museum hjiroer mei in heldere ferdieling fan de ferantwurdlikheden. Sa is dúdlik ôfpraat dat eventuele friksjekosten binnen de begrutting oplost wurde moatte en dat mooglike oanrinferliezen en tekoarten foar rekkening binne fan it museum. 
     
  2. Hat it kolleezje ynsjoch yn de eksploitaasje fan it Fries Museum yn it nije gebou, ek yn it ljocht fan it steatebeslút fan maart 2006 dêr’t besluten is dat it bedrach oant en mei 2015 maksimaal € 2,5 mln per jier wêze sil? Wat fynt it kolleezje fan dy eksploitaasje en wêrom?
    Yn desimber 2006 hat it Fries Museum ús witte litten dat sy garant steane foar de eksploitaasje. Yn 2011 hawwe wy dêrom in konsept eksploitaasje begrutting krigen om te sjen of de risiko’s goed yn kaart brocht binne. Wy sille besjen oft de risiko’s yndie goed yn byld brocht binne. Dan pas folget in beslút fan sawol provinsje as de Rie fan Bestjoer fan it museum. Dêrnei sille wy jimme ynformearje.
     
  3. Ien fan de oare betingsten fan Provinsjale Steaten om in finansjele bydrage te leverjen, wie dat der gjin ekstra finansjele bydrage levere wurde soe oan de realisaasje fan in depot. It Nij Fries museum is hjir sels ferantwurdlik foar en ek it ‘kostendekkend’ meitsje heart ta it normale bedriuwsrisiko, sa is troch PS besluten. Hoe is dy situaasje mei it each op de ferkeap fan de pânnen?
    De opbringst van de pânnen falt ôf en is op dit stuit net grut genôch foar it dekken fan de kosten foar in nij depot foar it Frysk Museum. Troch in ekstern buro wurdt op dit stuit in programma van easken foar nijbou makke en in rûzing fan ynvestearringskosten en eksploitaasjelêsten. De resultaten wurde fan ‘t simmer ferwachte. Dêrneist sille wy ek ûndersykje litte hoe ‘t de hjoeddeistige situaasje, mei it depot oan de Turfmarkt, optimalisearre wurde kin.As alle opsjes dúdlik binne, sille wy jimme Steaten dêroer ynformearje en kin in ôfwaging makke wurde mei hokker fariant troch gien wurdt.  

Mear ynformaasje:

Fenny Reitsma-Hazelhoff, CDA Steatefraksje Fryslân, T. (06) 46251360