Nederlands
Fries
teaser
overlay

Nieuws

print
15 februari 2007

CDA stelt schriftelijke vragen over Sichuan

De CDA Statenfractie Fryslân heeft schriftelijke vragen gesteld aan gedeputeerde Bijman over Sichuan. De vragen zijn beantwoord op 29 maart 2007.

Yn de Provinsjale Steatenfergadering fan 15 desimber 2004 waard besluten it buro “Sichuan Liaison Office” te stiftsjen foar in perioade fan trije jier. Dêr binne no twa jier foarby. It CDA hat de folgjende fragen:

  1. Hoe grut is de personiele besetting fan it buro?
    Antwurd: It buro bestiet út 1 projektlieder (1fte) en 1 assistint (0,5 fte).
     
  2. Hoefolle reizen foar Fryske ûndernimmers binne der organisearre nei Sichuan yn 2005 en 2006?
    Antwurd: Alle reizen nei Sichuan binne bedoeld om it Fryske bedriuwslibben by te stean. In tal fan dy reizen wurdt ek yn opdracht fan it Fryske bedriuwslibben makke. Yn 2005 en 2006 binne der resp. 2 en 3 reizen nei Sichuan organisearre.
     
  3. Hoefolle Sineeske groepen hawwe yn dy jierren by bedriuwen yn Fryslân west?
    Yn 2005 en 2006 hawwe der 5 Sineeske groepen yn Fryslân west. Harren eftergrûn wie de miljeu-, wetter- en agraryske sektor.
     
  4. Wat binne de reële omsetsifers west foar it Fryske bedriuwslibben, foar de ymport likegoed as foar de eksport?
    Roaid wurdt dat de ynkommen missy’s laad ha ta in ynvestearing fan sa’n € 70.000,- yn de regio. Derneist is bekend dat ien bedriuw in oarder fan minstens € 1 miljoen út Sina krigen hat. Fierders binne wy op ‘t stuit drok oan it ûnderhanneljen oer in twatal nijsgjirrige projekten.
     
  5. Sil it buro nei 2007 sûnder subsydzjes fan de provinsje funksjonearje kinne troch partisipaasje fan it bedriuwslibben?
    Geandewei it projekt die bliken dat de faasje yn de útfiering fan it projekt stadiger wie as yn earsten tocht. It duorre frij lang om in fertrouwensbân mei in lân as Sina op te bouwen.
    Dêrom is ferlinging fan it projekt oant en mei ein 2008 oanfrege. Dizze oanfraach is troch de Bestjoerskommisje EZT posityf beoardield.


Meer informatie:

Arjen Kaper, kaper@sis.fryslan.nl

Reacties (0)

Reactie toevoegen

Naam *
E-mail *
Bericht *